LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 21 oktober 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Nota Reserves en voorzieningen 2010 De voorzitter licht toe dat het college vooral heeft geprobeerd de algemene reserve weer op orde te brengen, zodat de gemeente niet op verkeerde lijstjes terecht komt. De hear Keuning (CD A) seit dat it CDA yn grutte halen akkoart giet mei it stik. It CDA hat noch in pear fragen. Oer de reserve 'onderhoud en wegen', it CDA freget werom't dit net by foarsjennings stiet? Oer de reserves 'bijzondere bijstand' en 'duurzame gebruiksgoederen': binne dit net earmerke jilden? Oer it underhald bregen en kaden freget it CDA oft hjir rekken halden is mei de bregen dy't krekt oanpakt binne? De heer Ekas (GBL) kan instemmen om de posten waarvoor geen reserves meer nodig zijn op te heffen en het geld over te hevelen naar de algemene reserve. De vraag blijft of de aanpassingen goed uitpakken, omdat nog onduidelijk is wat er nog op de gemeente afkomt. GBL vraagt of de afroming van de reserve voor kunstwerken in de dorpen niet ten koste zal gaan van het kunstwerk dat in Finkum zou komen. Dat afromen moet misschien op een lager niveau gebeuren. GBL kan voor het overige instemmen met het voorstel. De hear Dijkstra (FNP) seit dat de sifers oer 2009 hiel wat better wiene as wat der jun foarleit. De FNP freget oer de 'pensjoenofspraken wethalders' oft it sa is dat dit bedrach noch lang net genoch weze soe. De hear De Kroon (PvdA) freget oer 'duurzaam veilig' op side 12 oft dizze reserve samar opdukt wurde kin, it jild kaam neffens him fan de provinsje. De tsjinst SoZaWe hat tekoarten foar in grut part ut it eigen fermogen helle, mar dat fermogen kin net mear femeare. De PvdA tinkt derom dat de reserve WMO better bliuwe kin en de 'reserve bijzondere bijstand' der oan taheakke wurde moat. De PvdA fynt ek dat it 'cultured fonds' net ofreamme wurde moat. De reserve 'doarpefuns' wurdt helle ut de Komuitleg en demei wurdt der wer ien kear wat ut it doarpefuns helle en is er wer leech. Dy reserve hoecht der neffens de PvdA dan net tusken. De earste kear ut de Komuitleg en demei moat de ried der romte foar fine yn de begrutting. Op side 15 wurdt 106.000 euro ut de reserve helle, de PvdA wol graach witte wer't dat foar is. De 'reserve omvormen groen' wurdt foarme troch de ferkeap fan snippergrien, mar de post feroaret net, der komt niks yn, mar giet ek neat ut. De PvdA wol hjir graach opheldering oer. Ut de 'reserve SLOK' wurdt ek mar ien kear wat helle en der komt wol hieltyd wat by, dat liket dan dea jild te wezen, mar dan wit de PvdA der wol in bettere bestimming foar. Op side 42 stiet dat yn foarsjenning 'decentrale gelden personeel' alle jierren 5.000 euro stutsen wurdt en der giet ien kear 10.000 euro ut. Kin dy 5.000 euro net better yn de personielskosten opnommen wurde? De heer Kielstra (VVD) zegt dat de WD tevreden is over de grotere transparantie van het overzicht, hoewel het beeld wel wat zorgelijk is. De VVD is tegen afroming van het cultureel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 33