9a Amendemint op subsydzje-oanfraach Britsenburgh 2010 De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn'e gearkomste fan tongersdei 4 novimber 2010, stelt fest dat: - yn ferban mei de leefberens fan in doarp in doarpshus fan wezentlik belang is foar in doarpsmienskip, - in eardere oanfraach foar in utwreiding fan Britsenburgh om finansjele redenen net te realisearjen wie, - troch it net realisearjen fan in MFC yn Britsum Britsenburgh wol holpen wurde moat, - mei de nije subsydzje-oanfraach foar in beheindere utwreiding fan Britsenburgh, de realisaasje fan ien en oar realistysker is, stelt ut dat: - Britsenburgh yn oanmerking komt foar in subsydzje passend by de beheindere utwreiding mei in maksimum fan 290.000,= of safolle minder as nedich is, - it kolleezje de plannen hifket op realiteitssin, - it bedrach fan maksimaal 290.000,= te'n leste komt fan de algemiene reserves. en giet oer ta de oarder fan de del Fraksje FNP-Ljouwerteradiel Folkert Dykstra Jan-Willem Tuininga Harm Hansma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 20