LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 4 novimber 2010 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9a. Amendemint FNP op subsydzje-oanfraach Britsenburgh 2010 De hear Dijkstra (FNP): Ta ferdudliking lest er it amendemint fan 1 july nochris foar. Dat wie dus yn july. Men wie doe yn in juchheistimming troch u.o. it rekkenoerskot. De leste moannen is der lykwols wol wat feroare. Men hat de begrutting en de mearjierrerazings under eagen krigen. De besunigings fan it Ryk komme no op de gemeente of en dertroch is men no mear yn in mineurstimming. It kolleezje soe de saak hifkje op realiteitssin en kaam ta de konkluzje dat it net koe. It is spitich dat it amendemint net trochset wurde kin; it sil dus vnlutsen wurde. Dat docht de FNP tige sear. 9b. Subsydzje-oanfraach Britsenburgh 2010 De hear H. Hansma (FNP): It is spitich dat men somtiden troch de realiteit ynhelle wurdt. It jild dat foar Britsenburgh omearre wurde soe, is no foar oare saken ynset. It spilet al fan 2006 of en ek Britsenburgh is troch de tiid ynhelle. Mei de hjoeddeistige finansjele situaasje moat men as ried rekken halde. It kolleezje komt no mei in tasizzing fan hunderttuzen euro. Nea earder is sa'n bedrach foar in doarpshus beskikber steld. De finansiering is dermei lykwols net run. Britsenburgh sil mei in Amendemint op subsydzje-oanfraach Britsenburgh 2010 De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn'e gearkomste fan tongersdei 1 july 2010, stelt fest dat: - yn ferban mei de leefberens fan in doarp in doarpshus fan wezentlik belang is foar in doarpsmienskip, - in eardere oanfraach foar in utwreiding fan Britsenburgh om finansjele redenen net te realisearjen wie, -troch it net realisearjen fan in MFCyn Britsum Britsenburgh wol holpen wurde moat, - mei de nije subsydzje-oanfraach foar in beheindere utwreiding fan Britsenburgh, de realisaasje fan ien en oar realistysker is, stelt ut dat: - Britsenburgh yn oanmerking komt foar in subsydzje passend by de beheindere utwreiding mei in maksimum fan 290.000,= of safolle minder as nedich is, - it kolleezje de plannen hifket op realiteitssin, - it bedrach fan maksimaal 290.000,= te'n leste komt fan de algemiene reserves. en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 1 july 2010 FNP-Ljouwerteradiel Harm Hansma Folkert Dykstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 33