Behorende bij agendapunt 15 Amendemint FNP op de begrutting 2011 oangeande it "Tomkeprojekt". De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn'e gearkomste fan tongersdei 4 novimber 2010, oerweagend dat: gemeente Ljouwerteradiel in positive halding hat oangeande it Frysk en dat dit resultearre hat yn it "Frysk taalbelied", troch it ticht draaien fan de jildkraan foar it "Tomkeprojekt" de bern yn Ljouwerteradiel net langer stimulearre wurde om de Fryske taal te bruken, hjirmei it bruken fan de Fryske taal yn'e takomst opnij yn de nederklits komme sil, stelt ut dat: yn de begrutting 2011, en fierder, it "Tomkeprojekt" feilich stelt wurdt, dat de finansiering fan 480,= yn it jier helle wurdt ut it skrassen fan de subsydzje fan de "Programmaraad" 418,=) en it restant fan 62,= t'n leste komt fan de post "Onvoorzien", en giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 4 novimber 2010 FNP fraksje Ljouwerteradiel Folkert Dykstra Jan Willem Tuininga Harm Hansma RAAD d.d. 4 november 2010 Amendement aangenomen UNANIEM

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2010 | | pagina 81