florissant ut en hie oars foar in protte kosten soarge. De Aldi sil neffens him der in stek sette en dermei is men fan in protte oerlest of. It is spitich dat der net mear grun oankocht is. De gemeente betellet in diel en de Aldi betellet in diel, mar dan hat men der u.o. wol 23 parkearplakken by. Troch de oanbesteging komt men miskien noch goedkeaper ut. It soe foar de FNP derom wol trochgean meie. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA sit tige yn de knipe oangeande dit dossier. De ried hie oanjun dat men der graach nei sjen woe en dat men kaders meijaan woe. Op 16 septimber hat de wethalder tasein dat der in ynformele gearkomste komme soe om deroer te praten en der hat de wethalder him net oan halden. Op 11 novimber die bliken dat de saak hast al run wie. Men woe in ynformele gearkomste mei de amtners derby. Op 25 novimber wie der yndied in ynformele riedsgearkomste, mar dy waard oankundige op in wize der't men kald fan wurdt. As it net trochgie dan soe de Aldi fuortgean. Dan soenen der Steltonplaten komme. Sa'n mes op 'e kiel setten is in belediging foar de ried. De ried moat foar de boargers goede dingen dwaan lykas de oanpak fan de Buterhoek. Troch it werombringen nei in bydrage fan 40.000 euro wurdt it plan draachliker. De PvdA is troch de need twongen, dus tsjin heuch en meuch, foar it foarstel. It proses wie tige teloarstellend. De ried woe deroer meiprate en dat waard tasein, mar waard in pear wike letter troch de fatale datum fan 1 desimber foar foldongen feiten steld. It is in miskenning en belediging fan de ried. Yn it belang fan de boargers moat men no wol ja sizze. De hear L. Tilma (CDA): It CDA fynt dat it in moai plan is. Men krijt in tal parkearplakken derby en de Aldi kin ynvesteare en utwreidzje. Dertroch komme der mear kansen foar de oare pannen yn 'e buert. It CDA hat noch wol soargen oer de tagong ta it plein. De priis wie foar it CDA lykwols te heech. It wie neffens it kolleezje utunderhannele. De ried hie ffege om foaroerlis, mar dat wie neffens de wethalder wetlik net mooglik en dat is in pinepunt foar it CDA. Men waard ta grutte utjeften ferplichte. Hoe moat men straks reageare as it kolleezje mei bygelyks besunigingsfoarstellen op it med fan kultuer komt? De utkomst fan it oerlis is dat de Aldi it de ried mooglik makket in sigaar ut eigen doaze te pakken en dy djoer te meitsjen. De utkomst is uteinlik te min en de ynvestearing is foar de boarger te heech. It binne de konsekwinsjes foar de oare sakelju oan it plein dy't it CDA tsjin it sin beslute litte om net tsjin it foarstel te stimmen, mar foar. Wethalder Keizer: Der is gans wat sein. Hy wol net op alle ferunderstellingen yngean want dat soe allinne mar ekstra argewaasje jaan. De hear Ketellapper hat syn eigen belibbing under wurden brocht. De hear Douma fan de Aldi hat it justjes oars sein. As it net trochgean soe dan soe it bliuwe sa't it is en dan soenen der Steltonplaten neist de winkel komme en dan seach er wol hoe lang oft er der sitten bleau. De wethalder hat ofrune tiisdeitejun sein nei it koalysjeoerlis dat er net mear underhannelje woe. Dat wie ek it stanpunt fan it kolleezje. Hy hat by de fraksjes lans west om te hifkjen hoe't de stimming wie. De akte soe op 1 desimber passeare. Hy wist net earder fan dy datum as doe't de memo mei de utnoeging ferstjoerd is. Hy wie poerlilk oer de bewurding yn de memo. Dat wie syn styl net en dat hat er mei ekskuzes yn de besletten gearkomste op 25 novimber oan de fraksj ewurdfierders sein. It wie de earste kear dat dy fatale datum foarbykaam en hy kin him foarstelle dat de ried dertroch under druk kaam te stean. Der is amtlik en yn it kolleezje wiidweidich oer de saak praat. De oare portefuljehalders binne der hiel goed by belutsen west. It spyt him dat it oars run is as de ferwachting fan de ried wie. Der binne ek positive dingen sein lykas oer de ferkeap fan de grun. Der wurdt him fersekere

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 14