dat der frachtauto 's mei draaibere achterassen komme en dy kinne de neamde bocht maklik oan. Miskien moat der in bal op 'e hoeke ferdwine. De ried hat kaders oanjun dat it lossen by it nije plan rinne moat fia it plein. Hy hat doedestiids sein dat men net wist hoe djoer as it wurde woe mar dat it kolleezje binnen 50.000 euro syn gong gean koe. Der wie lykwols wetlik gjin beheining om de ried te ynformearjen. It is net fraai oft men ta eat twongen wurdt as ried. Hy hopet lykwols dat dy twang net te bot utfergrutte wurdt. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL)Hy wol noch wol opmerke dat it neffens GBL in moai plan is. De brief wie ek net in ferantwurdlikheid fan de wethalder. Mar men moast eigentlik as gemeente op nul utkomme. It stiet him tsjin it boarst dat de oare underhannelingspartij sa'n toan oanslacht. Men moat neffens him foar 41.000 euro de grun ferkeapje en de rest foar 41.000 euro minder utfiere. Men lit j in yn de sek naaie. Hoe kin men dan aanst de besunigingen oan de boargers utlizze? De hear De Kroon (PvdA): De rekkensom is by de PvdA justjes oars. De PvdA fynt it reedlik dat de gemeente jild utjout oan it opknappen fan it Sint Vitusplein. Men hat neffens him in beste slach makke troch de ferkeap fan de grun. De hear Ketellapper(GBL): Neffens him is dy 40.000 euro in hantrekken foar in sigaar ut eigen doaze. De hear De Kroon (PvdA): It unbehagen is by de PvdA minstens sa grut. It kolleezje giet foarby oan it prinsipebeswier dat de ried net yn de oanrin derby belutsen is. It kolleezje hie in prinsipiele utspraak fan de ried hawwe moatte wollen. De hear Ketellapper(GBL): Men hat dochs no as ried de kans om tsjin it foarstel te wezen? De hear De Kroon (PvdA): It proses is safier dat men net mear mei nije ronde begjinne kin. Wethalder Keizer: Hy hat earder al sein dat it him spyt dat er syn tasizzing fan 16 novimber net neikommen is. De hear De Kroon (PvdA): Hy wiist op de wurkwize lykas earder by de plannen fan Albert Heijn. Sa hie dat no wer barre moatten. Men sil dit proses yn de achterholle halde. It ekskus fan de wethalder is him wat te meager. De PvdA is it dus fundaminteel uniens mei it ferrin fan it proses. It kolleezje sil tasizze moatte dat men de ried yn in ier stadium by sokke saken beluke sil. De hear Dijkstra (FNP): Men koe net mei de 83.000 euro ut de fuotten. Doe is de suggestje fan de grunferkeap oankaart. De loskule krijt yn de diskusje in eigen libben. It is in rommeltsje by it Sint Vitusplein. De hear Ketellapper soe mei de man fan de Aldi prate en dy hie begrepen dat de ried net mei de 83.000 euro akkoart gean soe. Uteinlik woe de Aldi 600 kante meter oankeapje. De oanlis komt foar 100% foar rekken fan de Aldi en sa hat men uteinlik dochs in reedlik resultaat behelle. De hear Kielstra (WD): De antwoordcn van de wethouder hebben hem niet overtuigd. Men 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 15