inderdaad af waarom die mensen hier zouden komen wonen. Nieuwe Borg zegt dat men al vulling heefit voor verschillenden woningen en hij denkt dat men daarbij op deze mensen doelt. De hear De Kroon (PvdA): Oer wat foar lokaasje hat men it eins? De hear Klaver: Fan de Trijehoeksdyk of oant de Truerderdyk. Hy tinkt dat hiel Stiens problemen krijt mei dit plan. De prognoazes ut de rapporten moat men meinimme. De hear De Kroon (PvdA): Hy freget him of werom't dy groep fan direkte buorlju fan de nije wyk him ferset tsjin de wenfisy. De hear Klaver: Yn de offisjele ynspraak sil men der gemeentebreed op weromkomme. It giet ek om prognoazes en takomstferwachtings. De hear De Kroon (PvdA): De hear Klaver wurdt neffens him dreaun troch it belang as bewenner fan de Bregeleane en dat er der gjin buorlju hawwe wol. De hear Klaver: Hy wol wol buorlju hawwe. Mar yn 2015/2020 soenen de prognoazes der wol hiel oars utsjen kinne. Men kin better wachtsje oant de prognoazes better binne. It moat in projekt wurde der't men breed achter stiet. Men moat jin lykwols wol halde oan de ofspraken. De hear De Kroon (PvdA): As men dus oantoane kin dat der ferlet oan huzen is dan bliuwt as keam oer dat der ferset is tsjin it soart bewenners. De hear Klaver: As de prognoazes yndied troch ynstansjes as provinsje en gemeente droegen wurde dan hat men der an sich gjin problemen mei dat der in utwreiding by Stiens-East komt. De hear Tuininga (FNP): Binne der ofspraken mei de gemeente makke en steane dy swart- op-wyt? Hoe sit it no krekt mei de wenningstichting? Wat foar rapporten hat men der by han? Net allinne dy fan de provinsje? De hear Klaver: Der binne by de keap fan de kavels doedestiids bepaalde easken steld. Der wie earder in fytspaad op yntekene, mar dat paad is der net mear. De makke ofspraken wol er wolris swart-op-wyt meinimme. De wenningstichting wol net meidwaan omdat der gjin fraach wie. Yn de wenfisy stiet no dat men net meidwaan wol om finansjele redenen en dat is net wier. De wenningstichting hat in kwart miljard euro te besteegjen, mar wol dat net foar dit plak utjaan. Men hat alle rapporten meinommen. Yn it ferfolch fan de wenfisy komt er mei mear ynformaasje. De hear Keuning (CDA): De Bregeleane soe gjin Bregeleane mear weze. Mar dat fait neffens him as er op de plaatsjes fan it plan ofgiet wol ta. De hear Klaver: Op syn leste plaatsje stiet it autoblik tusken de beammen. As it sa wurde soe as de hear Keuning sketst dan is men yn alle gefallen op 'e goede wei. De hear Ekas (GBL): Het verhaal is duidelijk, maar men moet er op dit moment niet verder inhoudelijk op ingaan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 12