boarger snapte der neat fan. Der stie bygelyks 'Er kan geen zienswijze worden ingediend' wylst men wol in miening jaan mocht. Dat gat tusken gemeentehus en boarger moat men troch in bettere 'fertaling' lytser meitsje. Der untstiene ek gans geruchten. Sa soe der in kafee komme yn de Steens. Nei lang sykjen hat er allinne dit fun: 'Er is een lichte recreatie van 50 m2'. De mjittings jouwe oan dat de ferkearsdruk tanimt. Sels mei 300%, mar hoe drok is dat eins? No komt men op de Bregeleane noait in auto tsjin. It plan j out perspektyf oan de gemeente. Hy fynt dat de bewenners fan de Bregeleane in ferkeard byld oproppe en de eigen saak skea dogge troch der alderhanne oare saken by te heljen. De gemeente moat iepenstean foar it troch inoar wenjen. Dat is foar de PvdA fan prinsipieel belang. Yn in iepen dialooch wol men dan fierder saken tsj inoar ofwage. De PvdA is foar it op besjen lizzen fan it plan. De hear L. Tilma (CDA): De kompliminten foar it ferhaal fan de hear De Kroon. It is in solide plan en men bout foar in merk dy't der is. It is it foaruntwerp fan in bestimmingsplan en it wie neffens him goed te lezen. It is tige detailleard en men kin der best wat fan fine. Der komt mear bewenne gebiet en minder butengebiet. Hy hopet dat de bewenners der goed nei sjogge. Hy ropt de neiste bewenners op om op 22 febrewaris by de foarljochtingsgearkomste te kommen. It plan kin foar it CDA fierder. Wethalder Keizer: Hy is oer it generaal bliid mei de makke opmerkings en benammen mei de leste opmerkings fan de hear De Kroon. De fraksjes moatte tidich har ideeen oer it plan kenber meitsje sadat dy mooglik in plak yn it untwerp krije kinne. Der binne ofspraken makke, mar hy hopet net dat ien en oar liede sil ta de einkwalifikaasje fan unbehoarlik bestjoer. It sombere byld fan de hear Kielstra ferheft de gemeente net. De moedwillige untwikkelings yn de statistiken spylje fan 1999 of hyltyd mei, mar uteinlik is men gelokkich ta goede ofspraken mei Ljouwert komme kinnen. Hy hat de advertinsje yn de Stienser Omroeper sels ek twa kear leze moatten en wie net gelokkich mei de oanbeane setting. It kolleezje sil it deroer hawwe en besykje it dudliker te meitsjen. Der komme ynfojunen om de boarger te ynformearjen. Twadde termyn De hear Ekas (GBL): Hij wil graag een garantie dat aan het te nemen besluit van deze avond geen rechten ontleend kunnen worden. Richting de PvdA wijst hij op de Bullepolder in Leeuwarden waar geen rijtjeswoningen mogen komen. Er is een verschillende benaderingsvisie in de maatschappij. De hear De Kroon (PvdA): Men hat it hjir oer in nije wyk. It giet der yn syn krityk om dat minsken yn in oare wyk beswieren hawwe tsjin sa'n nije wyk. De hear Ekas (GBL): De omstandigheden zouden te zijner tijd bepalend moeten zijn voor de uiteindelijke besluitvorming. Die ruimte wil GBL blijven behouden. De hear Kielstra (WD): Hij heeft zich verbaasd over het antwoord van de wethouder dat de WD de gemeente niet verheft. Hij vindt zo'n antwoord arrogant en aanmatigend. De WD heeft grote vraagtekens bij de inhoud en het proces. De hear Tuininga (FNP): De hear Kielstra hat net by de ynhaldlike behanneling fan it plan west. Hoe kin er dan tinke dat it net goed sit? Wer basearret er dat op?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 14