faze en dan is it handich dat men beskikke kin oer de kopyen fan de reaksjes fan de ynsprekkers. 'Im Grossen und Ganzen' kin de FNP mei de kademota libje. De hear De Kroon (PvdA): Dizze kademota is hiel unyk. De besunigings binne tige yngripend. It is no noch opiniearjend en men sil jin noch oer alle saken, ek dy fan de ynsprekkers, buge moatte. Kin it lije dat men fan de ferwachting utgiet dat men net mei de eardere foarseine mindere ryksbydragen te meitsjen krijt? De werferdieling fan de besunigings soe sosjaler moatte. It binne allegearre maatskiplike taken der't de gemeente op besuniget. Oan de hurde kant (diken, bregen) wurdt der gans jild utjun en ek it grien bliuwt buten skot. Dy ferdieling moat dus neffens de PvdA oars. By it bestjoersakkoart wurdt benammen de fraach steld oft it Ryk wol genoch sinten by de nije taken meijout. Wichtiger is neffens him de fraach oft de gemeente wol genoch kapasiteiten hat foar de utfiering fan dy nije taken. It grienunderhald kin doelmjittiger en goedkeaper neffens de PvdA. Hy jout as foarbyld (mei in bylage mei foto's) it meanen. Der hoecht om him net sa faak, neffens de kalinder, meand te wurden. De berm dy't yn underhald by de provinsje is, sjocht der troch de blommen moaier ut en dat underhald kostet minder. Men kin neffens de PvdA 10% (=75.000 euro) op it grienunderhald besparje. Yn de kademota fan 2011 wurde gjin soargen utere oer it underhald fan de diken. It Ryk soe no mear jild beskikber stelle en derom wol de gemeente der mear jild oan utjaan. Dy underbouwing is te swak. Men mist ek de besparring fan de mienskiplike oanbesteging fan it asfalt yn Middelseeferban. Der sil dus in bettere underbouwing komme moatte ear't de PvdA mei de 230.000 euro akkoart giet. De PvdA tinkt dat it ferantwurde is dat de besuniging op it skoalswimmen trochgiet, mar op it ferfier foar it oare bewegingsunderwiis soe net besunigje wurde moatte. Is it werombringen fan de post foar de underwiisbegelieding mei de helte wol ferantwurde? It is in wichtige ynvestearing foar bem/hushaldings. Der sil earst in evaluaasje fan de underwiisbegelieding komme moatte ear't men dy mei de helte werombringt. It kolleezje soe foar 1 jannewaris 2011 rapporteare oft men de besuniging fan 285.000 euro by It Gryn wol helje kin. Dat rapport is der no noch net en dat jout de yndruk dat der tsjinfallers oankomme. Is it dan wol ferantwurde om dy besuniging no yn de boeken op te nimmen? Der wurdt foarsteld om in kwart fan de subsydzje op de (amateur)kultuer of te heljen. Dat giet te bot en de PvdA soe der 12,5% fan meitsje wolle. It giet ek te ruch mei de besuniging by de Stichting Welzijn Middelsee. Men moat it neffens de PvdA beheine ta 10%. De alderenadviseur soe neffens it stik it WMO-advyswurk wol dwaan kinne. Der wurdt lykwols by de sosjale tsjinst troch it weifallen fan de WMO-adviseur 48.000 euro skrast. Dan sil men der dochs wol sinten by lizze moatte. Der moat op syn minst 24.000 euro foar dit wurk nei de Stichting Welzijn Middelsee. Men tocht dat der in plan lei fan de wurkgroep rekreaasje en toerisme. De PvdA wie it iens mei de beheining fan 10.000 euro. Dat soe no neffens it kolleezje 5.000 euro wurde moatte. De PvdA wol lykwols oan dy 10.000 euro festhalde. Mei de koarting fan 10% foar it algemien maatskiplik wurk kin de PvdA ynstimme oangeande 2010. Dan kin men der lykwols no net noch 10% oan taheakje en derom moat men de koarting fan 7.500 fuortlitte. De sinten foar 'Meedoen aan de samenleving' komme goed telane en der soe men dus net op bekoartsje moatte. De swimkaarten kinne foar de PvdA wol ofskaft wurde. It besparre bedrach soe men meitelle litte moatte foar 'Meedoen aan de samenleving.' De besuniging fan 29.000 euro soe dus skrast wurde moatte. Is men frij om de ferleging fan de ynkommensgrins foar it minimabelied op 110% te bringen? 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 17