LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 29 septimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Oanskaf fan sinnepanieien foar gemeentlike gebouwen De hear Ketellapper(GBL): Hy freget him of hoe't men soks betinke kin. Men moat besunigje. It blykt ut ynformaasje dat de oanlis fan de sinnepanieien 67.000 euro kostet. De foardielen binne yn 5 jier tiid mar sa'n 7.000/10.000 euro. Der komt pas in rendemint nei 15 jier. Dat liket him net in goede ynvestearring. Dy sinten kin men mei in pear jier better bruke. Mefrou De Voogd (PvdA): Er is ook nog zoiets als duurzaamheid en milieu. Het is dus volgens de PvdA een goed plan ondanks de lage rendementen in de eerste jaren. De hear De Jager (CDA): Op himsels is it in goed plan yn it ramt fan duorsumheid. Mar men hat tige besunigje moatten yn de leste tiid en is sa'n ynvestearring dan wol op syn plak? Hy wiist ek op it risiko dat it regear de subsydzje der miskien straks ofhellet. Dochs sil it CD A mei it foarstel ynstimme. De hear Van Diggelen (WD): De WD is in principe tegen subsidising voor het opwekken van energie. Het duurt ook te lang voor men het geld terugverdiend heeft. De hear Tuininga (FNP): De FNP is ek foar duorsumheid. Men ynvestearret 67.000 en bart 73.000 euro oan subsydzjes werom. Kin de wethalder tasizze dat dy subsydzjes der komme? Nei safolle jierren hoecht men miskien de saak net te ferfangen omdat de techniken dan wer feroare binne. Men soe dan sa'n 90.000 euro yn 'e buse stekke kinne. Wethalder Keizer: De gemeente wol ek in ynspanning leverje op it med fan duorsumheid. Nei 17 jier is der in rendemint fan 27.500 euro. Hy hat noch net meimakke dat rinnende beskikkings troch it regear net utfierd wurde. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Hy hat ek oare undernimmers ffege en dy hawwe syn tinkwize befestige. Sa'n foarse ynvestearing soe ek net goed falle by bygelyks minsken dy't mei de WMO te meitsjen hawwe. Hy is der lykwols fan utgien dat de mearderheid fan de ried foar it plan is. Neffens syn ynformaasje kin de Sunfactory ut Suwald it foar 10.000 euro minder dwaan. De hear Tuininga (FNP): As it deselde kwaliteit is dan soe men dat dwaan moatte. Men krijt de folsleine subsydzje dus werom. De FNP kin akkoart gean. Mefrou De Voogd (PvdA): Toen de PvdA bij de kademota voorstelde om geen geld in stenen maar in mensen te steken was GBL daarop tegen. Daarom irriteert haar de opmerking over mensen die met de WMO te maken hebben.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 103