LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 29 septimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 18. Privatisearring jachthaven Britsum De hear P.van der Werff (PvdA): Der binne op it leste stuit allerhanne dingen nei foaren kommen dat makket dat hy him offreget oft men alles no wol goed yn byld hat. Yn elk oerlis mei de gemeente hat altyd it punt fan de iepenbierens oan de oarder west. Men krijt in wat undudlik antwurd fan de jachthavenferiening. Der soe eins noch oerlis west hawwe moatte tusken feriening, doarpsbelang en gemeente. De PvdA hie har foarstelle kinnen dat de wethalder earst in taljochting jun hie. De hear Van Diggelen (WD): Op dinsdagavond is een delegatie van De Klompskippers langs geweest en deze heeft daarbij gewezen op de grote overlast. Zij zijn juridisch verantwoordelijk voor alles wat daar gebeurt. De haven speelt natuurlijk voor Britsum een heel belangrijke rol. De Klompskippers moeten echter de haven exploiteren en dan moet men ook zelf kunnen bepalen of men het openbaar houdt of niet. De hear Tuininga (FNP): De FNP hat De Klompskippers ek op besite han. Hy kin him de soargen fan De Klompskippers wol foarstelle. De haven soe neffens in bestjoerslid in iepenbier karakter halde. De situaasje soe bliuwe lykas dy is en derom kin de FNP mei it foarstel ynstimme. De hear L. Tilma (CDA): By ferkeap geane de lusten en lesten en dermei ek de oanspraaklikheid oer. De Klompskippers geane in ynspanningsferplichting oan mei it doarp om it iepenbier te halden. Miskien kin it doarp mei De Klompskippers derfoar soargje dat der in paad westlik fan it terrein fan de skippers foar it berikken fan in eigen fisksteiger en swimgelegenheid oan de feart komt. Sa'n iepenbiere foarsjenning jout mear mooglikheden foar kofinansiering. De eigner fan de grun is der posityf oer en it komt de leefberheid fan it doarp te'n goede. De hear Ketellapper(GBL): It soe sa bliuwe as it is en der kin GBL mei ut de fuotten. Hy soe graach hearre fan de wethalder wat der oer de iepenbierens te sizzen is. Wethalder Wachter: In februari was er een overleg met De Klompskippers en dorpsbelang. Er is intensief contact met elkaar. Iedereen beleeft het echter op zijn eigen manier. Vorige week is in het overleg met dorpsbelang de haven weer aan de orde geweest. Zij leest vervolgens de intentieverklaring van De Klompskippers voor. De watersportvereniging houdt zich het recht voor om in geval van overlast het terrein op al dan niet gezette tijden te sluiten. Volgens haar gedraagt de vereniging van De Klompskippers zich als een waardige partner van het dorp. De hear P.van der Werff (PvdA): Werom is sa'n yntinsjeferklearring net earder oan de ried tastjoerd? Dit is in minachtsjen fan de ried.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 134