is in saldo fan 163.000 euro en dan besuniget men 470.000 euro en oan nij belied jout men foar mear as in heal miljoen ut. As men de besunigings en it nije belied net trochfierd hie foar 2012 dan hie men in slutende begrutting han. Yn de 2010 by de provinsje yntsjinne begrutting slute de jierskiif 2014 mei in tekoart fan 7,5 ton. Dy jierskiif jout no in lytse ton oan en dat is in gigantysk ferskil en dertroch sjocht men oars nei de kademota. De maaiesirkulere hat dy grutte feroaring feroarsake. Kloppet syn konkluzje oer in slutende begrutting yn 2012 en 2013 op grun fan syn berekkening? In tal gemeenten hawwe de maaiesirkulere nochris neirekkene en dy moatte no foars yngripe. Hat Ljouwerteradiel der ek lest fan? Neffens de kademota sil men yn 2012 in heal miljoen besunigje. Nettsjinsteande de foarse besunigings slute de jierskiven mei in plus fan sawat in ton. Is dat wol ferstannich belied? De sinten wurde by de boargers weihelle. Men ferskraalt it sosjale, maatskiplike en kulturele klimaat yn de gemeente en stekt de besparre sinten yn stiennen. Dat is sosjaal net ferant wurde. Hy giet yn op de reaksjes fan it kolleezje. Oer it grienunderhald. Der is neffens him neat besletten yn de 'benen-op-tafelsessies'. Yn de kademota stiet in better foarstel, nammentlik 'het college op te dragen verder te onderzoeken of er op dit onderdeel financieel voordeel te behalen is.' Der moat men lykwols wol in konkreet bedrach by sette. Neffens de PvdA is in taakstelling fan 5% (=37.500 euro) mooglik. Men hat ek in jier neat heard oer it undersyk om de kosten foar underhald diken te ferleegjen. No giet dy post krekt omheech mei hast in kwart miljoen. Wat hat it kolleezje mei dat foamommen undersyk dien? It kolleezje freget him sels ek noch of oft it bedrach wol reeel is. It moat beheind wurde ta 10% neffens de PvdA. Dat soe in ton opsmite. It kolleezje wol it skoal swi mm en ofskaffe. Der moat noch ien en oar regele wurde yn in deal mei It Gryn oer dat ofskaffen. Derom kin men net dy folsleine besuniging yn de kademota opnimme. De PvdA soe de ferfierskosten hanthavenje wolle en dat men yn feite better it skoalswimmen trochgean litte kin, want dan hoecht men It Gryn net mear te kompinsearen. De underwiisbegelieding. Neffens it kolleezje is de besuniging ferantwurde omdat der 'een algehele transitie van Jeugdzorg plaatsvindt'. De ynfiering fan passend underwiis is noch geande. It is unsin om no al te besunigjen op de underwiisbegelieding. De feroaring yn de Jeugdsoarch kin gjin argumint weze om der op te besunigjen omdat dat no pas op gong komt. De PvdA fynt de ynvestearings yn de jeugd fan grut belang en dy moatte dus bliuwe. De foarstelde besunigings foar Stichting Welzijn Middelsee soenen neffens it kolleezje fiergeande konsekwinsjes hawwe foar it wurk fan de stichting. In koarting fan 5% is foar de PvdA it maksimum. Algemien maatskiplik wurk is wichtich om knipepunten oan de foarkant op te lossen. As men dat net docht dan komme de lesten dubeld en dwers foar de mienskip werom. By de al opleine besuniging fan 10% foar 2010 soe it dan ek neffens de PvdA bliuwe moatte. De besuniging op de WMO-adviseur. It is ferstannich om der wol sinten foar frij te meitsjen. De PvdA giet dan ut fan 24.000 euro. It minimabelied moat men hanthavenje sadat de oanbelangjende minsken net fierder isolearre reitsje. De biblioteek. It kolleezje stelt yn de reaksje foar om de subsydzje fest te stellen 'op de landelijke norm vermeerderd met de huisvestingskosten'. Dat is in goed foarstel. Dochs hat men der gjin rekken mei halden yn de kademota. Dy husfestingskosten moatte wol subsidiearre wurde. Hoe sit dat no krekt? By kultuer wol men in besuniging oplizze fan 25%. Dat smyt in te hege drompel op,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 14