LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 29 septimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Visser: Hy sprekt yn op agindapunt 10. Hy wie der ynearsten fan utgien dat men yngean soe op syn fersyk yn it skriuwen fan 28 juny om op te halden mei de proseduere. Mar dy proseduere giet no dochs troch. Hy wol nochris 4 punten nei foaren bringe: 1. de ferrommeling fan in part fan de Wythusterwei; 2. de ferkeap fan it besteande parkearplak en in stik fan it park oan A.H. (Wassenaar); 3. de problematyk fan it parkearen by A.H.: 4. de ferrommeling fan it park mei derby de saneamde kwaliteitsympuls. It earste gebou dat der 38 lyn kaam paste kwa skaal by de grutte fan de noch te bouwen wyk. De winkel komt letter yn besit fan Wassenaar en wurdt yn de rin fan de jierren hyltyd grutter, en dat alle kearen wer mei tastimming fan de gemeente. De Wythusterwei is neffens him gjin winkelstrjitte, mar in wenstrjitte. It winkelgebou flokt mei elts gefoel fan skientme. It bruken fan kleuren en reklame-uteringen passe net by sa'n park. Wassenaar wol noch 35 parkearplakken. Men soe neffens de hear Visser net oergean moatte ta ferkeap fan gemeentlik eigendom. Men soe sa wer in stik fan it park opofferje. Oer it omhakjen en ferpleatsen fan sa'n 30 beammen wurdt neat sein. In underbouwing fan in miening oer ferkeap op sa'n noedlik plak en de oanlis fan in parkearplak wurdt net jun. Yn ynstjoerde stikken hat er de saken yngeand oan de oarder steld. Boargerpartisipaasje soe men as ried serieus nimme moatte. Hy hopet dat ried en kolleezje wat mei syn opmerkings dogge foardat men fierder giet mei de proseduere en net mear werom kin. De foarsitter: Hij stelt vast dat de raad ermee instemt om eerst agendapunt 10 te behandelen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 63