4. Fragehealoere riedsleden
De hear H. Hansma (FNP): Nei oanlieding fan de swierrichheden foar de jierlikse tradisjonele
wedstriid tusken De Trije Doarpen en Cambuur Leeuwarden hat de FNP him hjiryn ferdjippe.
It die bliken dat der net meand wurde koe, omdat it gers te lang wie en derom koe de
wedstriid net trochgean. D.T.D. hie dan mei fikse kosten sitten en us gemeente hie dochs
moai yn it himd stien. Troch sels aksje te undemimmen, it ynskeakeljen fan de BV SPORT,
waard dit "probleem" adekwaat oplost. In beskamjende situaasje dat by mear ferienings yn us
gemeente spilet; sa hat de SC Stiens de fa. Plat al ferskate kearen ynskeakele om it gers te
meanen. Nei oerlis mei ferskate fertsjintwurdigers fan D.T.D.SC Stiens, KC De Boer en
Ilsklup Stiens waard it hjimei neamde dudlik.
Gemeente Ljouwerteradiel
BV Sport
Materiaal
Betsj inning
Tiid
Oantal kear
meanen
Meanbyld
Trekker mei syklobak.
Net geskikt foar sportfj ilden en wurdt
ek brukt yn bermen en sleatswallen.
Ofwiksjelende betsj inning.
Minder belutsen by de sport.
Meanen hiele fjild
1 fjild plm. 60 minuten
2 fjilden plm. 120 minuten
lx yn de wike
Dertroch moat it lange gers opfage en
offierd wurde, beide lj ilden sa'n 60
minuten (makket totaal 180 minuten).
Faaks allinnich yn de lingterjochting
dertroch untstiet spoarfoarming.
It feien bart op deselde wize en it nije
gers wurdt der ut sleept.
Neffens skema en der wurdt faak gjin
rekken halden mei it waar en
om stanni chheden.
Trekker mei 7-dielige koaimeaner.
Poer geskikt foar - en wurdt
allinnich brukt op sportij ilden.
Feste betsjinning.
Mear belutsen by de sport.
Meanen binnen de offastering
1 fjild plm. 20 minuten
2 fjilden plm. 45 minuten
2x yn de wike
No hoecht der hast nea fage te
wurden, bliuwt 45 minuten.
Ofwikseljend yn de lingte, breedte
en diagonaal.
By 2x yn de wike hoecht der faaks
net fage te wurden.
Der wurdt rekken halden mei it
waar en omstannichheden.
De FNP stelt ut om:
De ijilden binnen de ofrastering meane te litten troch de BV Sport.
Treningsfjilden en de fjilden buten de ofrastering meane te litten troch de gemeente
Ljouwerteradiel.
Dit fuortendaliks yngean te litten sadat us sporters en frijwilligers net de dupe wurde fan it
undeskundich meanen.
De FNP hat dan ek de folgjende fragen:
1Werom wurde de fjilden te pas en te unpas meand