LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 29 septimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Oanwizing kategoryen gefallen werby't gjin ferklearring fan gjin betingsten easke wurdt. De hear De Kroon (PvdA): It is in goede saak dat de list der komt. As de provinsje it net hoecht te dwaan dan hoecht de ried it ek net te dwaan (earste streekje). Mei it punt under streekje 2 hat er mear muoite. Saken kinne botse en gruttere ofwikings fan it bestimmingsplan soenen dan wol oan de ried foarlein wurde moatte. Dus gjin ynstimming mei dat punt. Oangeande it punt by it tredde strekkje: de ried hat gjin foaroerlis en derom moat soks dus fia de gewoane riedsgearkomste gean. Syn foarstel sil net hot ta fertraging liede. De hear Dijkstra (FNP): By it earste streekje under punt 2 giet it om in aide list en dat is foar de FNP akkoart. Oangeande it twadde streekje merkt er op dat de provinsje mei grutte ofwikings ek net samar akkoart gean sil. Mei it punt under streekje 3 giet de FNP akkoart. Dat is goed foar de fuortgong. De hear Keuning (CDA): It CDA kin him oanslute by de FNP. De hear Ketellapper(GBL): GBL is der net foar dat der saken by de ried weihelle wurde (lykas by de punten under de streekjes twa en trije) under it mom dat it dertroch flugger kin. Hald de ried gewoan op 'e hichte. De hear L. Tilma (CDA): Hy hat oars wolris in riedsgearkomste meimakke dy't net pland wie. De hear Ketellapper(GBL): Dat gie net oer in boufergunning. Wethalder Keizer: Grutte wizigings moatte altyd oan de ried foarlein wurde. Men moat it ferlykje mei de aide artikel 19-proseduere. De nije wet hat de terminen aardich ynkoarte en derom moat men slachfeardich te wurk gean kinne. Hy sil de opmerkings meinimme. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): As it krekt sa giet as mei in artikel 19-proseduere dan soe it foar him akkoart weze. De hear De Kroon (PvdA): In gruttere ofwiking soe dus fia de ried moatte. Mar hy wiist derop dat der bij Beoogd effect stiet 'Binnen de wettelijke termijn een beslissing kunnen nemen op een aanvraag om een omgevingsvergunning waar sprake is van grotere afwijkingen van het bestemmingsplan' Der binne ek oare partijen dy't oanhingje tsjin de passaazje 'passend binnen het door de gemeenteraad vastgestelde beleid'. By it tredde streekje soe er 'vooroverleg' ferfange wolle troch 'raadsvergadering'. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 74