LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5A Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 10 novimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Programmabegrutting 2012 De hear Keuning (CD A): Men hie it saldo graach wat heger sjen wollen. It CD A wol graach in oplossing om de tsjinfallers foar te wezen. De koalysje hat deroer goede ofspraken makke. It CD A kin de begratting goedkarre. De hear De Kroon (PvdA): Der binne blykber ofspraken by de koalysje om tsjinfallers op te fangen. Watfoar ofspraken binne dat? De hear Keuning (CDA): Dat kin er no net sizze omdat dy tsjinfallers der no net binne. It sil yn alle gefallen net ut de algemiene reserve helle wurde. De hear De Kroon (PvdA): Wat moat men mei de tsjinfallers dwaan? It fytspaad nei Sint Jabik moat der neffens de provinsje komme. Der komt in oanpast plan mar dat sil dochs ek kosten mei him meibringe. Der steane lykwols gjin sinten foar yn. Kin soks wol? Soe de provinsje dermei akkoart gean? Datselde jildt ek foar de WMO-advisearring. De Stichting Welzijn Middelsee sil dat net foar neat dwaan kinne. Der stiet dus wer in taak yn de begratting der't gjin sinten by sitte. De untwikkeling fan in fisy oer de underwiishusfesting stiet te faach omskreaun. Neffens it rapport fan It Bilt is de undergrins foar in skoalle 45 learlingen. Yn Hijum stiet in skoalle mei 27 learlingen en yn Britsum binne it 50 en dat giet nei under de 45. Yn Koamjum komt men mei in pear jier ek op 40. Derom fynt er de formulearring oangeande de fisy te faach. Sa'n fisy moat der fan de PvdA ein 2012 al weze. Hy tinkt dat de urginsje foar underwiisgroep Fier tige heech is. Derta tsjinnet de PvdA munling in amendemint yn. By it pro gram ma Welzijn is sprake fan in fersobering. De PvdA tinkt dat men sjen moat nei in oare oanpak fan it minimabelied; mear maatwurk leverje. De PvdA-fraksjes fan de 8 gemeenten fan de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan sille dermei te set. De hear Kielstra (WD): Er is in de vorige vergadering al heel wat gezegd over de begroting. Het zit er wat tussenin. De WD wil de situatie van de korfbalvereniging verbeteren. Er moet echt wat gebeuren omdat de vereniging anders naar de knoppen gaat. De WD dient daartoe een amendement in. Amendement betreffende kunstgrasveld korfbalvereniging CSL Onderwerp: Programmabegroting 2012 (Voorstelnummer 2011/61) De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op donderdag 10 november 2011 Ondergetekenden stellen het volgende amendement voor:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 12