De ynfloed fan de oanlis fan it Noardwesttangint sil meinommen wurde. It underhald soe men ofhingje litte kinne fan it gebruk. Men koe de tekoarten yn dizze omfang net foarsjen. Men hat hyltyd prioriteiten ferskood. Dat wie net befredigjend en derom leit der no in wegebehearsplan. Der wie te min jild om alles goed by te halden. Twadde termyn De hear L. Tilma (CDA): Wat haldt it provinsjaal tafersjoch yn? Wethalder Keizer: Hy wit net wat de provinsje mei it aide wegebehearsplan docht yn gearhing mei de begrutting of de jierrekken. De hear P.van der Werff (PvdA): Werom is men net earder mei dit ferhaal begun? De hear Ekas (GBL): Een en ander geeft naadloos dat men de afgelopen jaren te veel geld heeft uitgegeven aan andere zaken. Men heeft een van de kemtaken laten versloeren. De hear P.van der Werff (PvdA): Dy binne der wol mear. Wethalder Keizer: De hear Ekas hat it gelyk oan syn kant. De neamde datum fan de amtner moat april 2011 weze ynstee fan 2010. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 11. Programmabegrutting 2012 De hear Keuning (CDA): It is in goede saak dat der SMARTER formulearre wurdt. Men wie teffeden mei de kademota mei it oerskot fan in lytse ton. Der is lykwols no mar in oerskot fan sa'n 20.000 euro. Yn de finansjele kommisje is der ek oer praat. De kans is dat der yn 2012 hegere kosten op de gemeente ofkomme. Mei in besparring op de personiele besetting en in bettere grunferkeap kin men hooplik 2012 wat geunstiger ofslute. It CDA giet akkoart mei it foarstel. De hear De Kroon (PvdA): Hy wol by de programma's delrinne. Boarger en bestjoer. Men sil ynformaasjegearkomsten organisearje en dat is in prima saak. Hy referearret oan it plan by Albert Heijn. Dat foldie neffens him alhiel oan dy betingsten. Mar it kolleezje hat der gjin ferlet fan dat de boargers derby belutsen wurde. Watfoar kritearia moat men dan hawwe? Op side 3 giet oer it manifest ferkearsfeilichheid. Der stiet wol dat men sinten hat mar net wat men dermei docht yn 2012. Op side 15 giet it ek oer dat manifest. Moat it wol meirinne yn dy beide programma's? De fytsrute nei Sint Japik wurdt ek neamd. De provinsje hie foar 2011 it foamimmen om de 'fietssnelweg' oan te lizzen. De kosten foar Ljouwerteradiel waarden rusd op 2 ton, mei in subsydzje fan 80.000 euro. De fraach is oft de 120.000 euro wol yn de begrutting sit. Side 18, de lokale ekonomy. Der steane gjin konkrete plannen. Werom neat oer bygelyks in glesfezelnet? Side 20, underwiis. Der stiet 'de coalitie is van plan om meer opvang te realiseren.' Dat is in moai plan fan de koalysje! It giet ek oer underwiishusfesting. Der is ferlet fan in husfestingsplan oer de lange jierren. Moat men der neat fan opnimme? Side 27, wolwezen. It giet der om Omtinkerij Leeuwarderadeel. Der is in missy en in 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 13