Wethalder Keizer: De fraachstelling suggerearret dat it mear as in jier duorret ear't it probleem oanpakt wurdt. Mar meastentiids giet it goed mei de behanneling fan lyts leed. Mei de ferljochting leit it wat oars. Men is net tefreden oer it behear troch de stichting Iepenbiere Ferljochting Fryslan en mei yngong fan 1 oktober woe men derom de dielname oan de stichting opsizze. Fia deselde stichting nimt de gemeente lykwols ek enerzjy of en men kin net fan it iene ofstappe en mei it oare trochgean. Men hat foarearst besletten om der wol mei troch te gean. It docht bliken dat der mear klachten en opsizzings binne. Der stiet in nije organisaasje yn de stokken dy't ditsoarte problemen oplosse moat. Hy hat de hope dat der in ferbettering komt. It databehear fan de ljochtmesten wurdt loskeppele fan de utfiering fan it behear fan de ljochtmesten. Men sit der dus boppenop. De hear P.van der Werff (PvdA): Wat bart der no op koarte termyn en hoe sit it mei de oanspraaklikheid? De hear Ketellapper(GBL): Men kin de rekken ek yn twaen knippe. Gjin jild derhinne as der safolle gebreken binne. De hear Tuininga (FNP): De FNP hie dit probleem ek al sjoen. Der sil op koarte termyn wat barre moatte. Hy slut him by de suggestje fan de hear Ketellapper oan. Wethalder Keizer: As men dan akut wat dwaan wol dan moat men wol in oare partij ynskeakelje. Hoe't it mei de oanspraaklikheid sit, is him no net krekt dudlik. Hy hat it foamimmen de ried deroer skriftlik berjocht te dwaan. 5. Feststellen ferslach fan de gearkomste fan 27 oktober 2011 De hear De Kroon (PvdA): Op pagina 13 van het verslag staat: "De hear De Kroon (PvdA): It wie neffens him in gemis dat de minsken fan it Waling Dijkstrapark der neat fan wisten. Wethalder Keizer: Hy hat kontakt han mei de brieveskriuwers. Der komt in oanpast plan foar it park. De ried sil foar de gearkomste fan 10 novimber noch ynformaasje krije. De PvdA-fractie stelt voor om de toezegging van wethouder Keizer toe te voegen aan de lijst met toezeggingen en afspraken op pagina 16 van het verslag. Wethalder Keizer: It is yndied sa sein en de tasizzing moat yn de list opnommen wurde. Men koe de ried op 10 novimber om ferskate redenen net ynformearje. Der soe foar dit jier in datum feststeld wurde kinne foar fierdere ynformaasje. De hear De Kroon (PvdA): It giet de PvdA om de kontakten mei de boargers yn it foar. De wethalder soe kontakt han hawwe mei de brieveskriuwers. Dat is dus net bard. De nije tasizzing fan de wethalder moat yn de list opnommen wurde. De foarsitter: Stelt vast dat dit zal gebeuren. Het verslag wordt aldus goedgekeurd en vastgesteld. YNFORMEARJENDUNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) Geen vragen of opmerkingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 14