LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei
26 jannewaris 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
Oanwezich: de ffoulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA) en de hearen
J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA), L. Tilma (CDA), K. Kielstra (VVD),
D. van Diggelen (VVD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), J.W. Tuininga (FNP),
H. Hansma (FNP), F. Dijkstra (FNP), W.F. Ekas (GBL), L.G.G.P. Hermans (GBL) en
R.A. Ketellapper (GBL).
Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van
Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder).
Griffier: mefrou G. J. Olthof.
1. Iepening en meidielings foarsitter
De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen, ook de mensen die de raadsvergadering
via de radio volgen, welkom.
2. Feststellen wurklist
De hear Ketellapper(GBL): De foarige kear hat er ek it wurd ffege by it feststellen fan de
wurklist. Hy woe in agindapunt doe net besprekke, want men hie doe ferlet fan mear
ynformaasje. Men hat tuskentiids net folle mear ynformaasje krige. Op 7 febrewaris 2012 hat
it kolleezje in beried yn M3-ferban. Op 16 febrewaris 2102 hat men in riedsgearkomste en
dan kin men dat punt (agindapunt 9) foar de beslutfoarming better oan de oarder stelle omdat
men dan better op 'e hichte is fan de gong fan saken.
De foarsitter: Met name het op een lager pitje zetten van de samenwerking van
Ferwerderadiel speelde de vorige keer een rol bij de stand van zaken. Op 16 februari 2012 is
men inderdaad weer beter op de hoogte van de stand van zaken.
De hear De Kroon (PvdA): Op 7 oktober 2010 hat men as ried besletten ta gearwurking yn
Middelseeferban. Oardel jier lang hat men it dwaan moatten mei parseberjochten of
meidielings. Men soe oan de han fan de notysje fan it kolleezje no oer dat punt prate. Sa is yn
it presidium unanym besletten. Der binne ek in protte minsken op de publike tribune foar dit
punt oanwezich. De PvdA is der dan ek op tsjin dat it fan de aginda helle wurdt.
De foarsitter: Hij haalt het reglement van orde aan. Het betrokken artikel (11 lid 2) geeft aan
dat op voorstel van een raadslid de raad bij de vaststelling van de agenda een onderwerp van
de agenda kan afvoeren.
De hear Kielstra (WD): Hij is het eens met de heer De Kroon. Er is ondertussen een enquete