LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
5
FersLach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei
16 febrewaris 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
12. Ferklearring fan gjin betinkingen teeskinkerij Bartlehiem
De hear L. Tilma (CD A): It CD A is mei dit inisjatyf ynnommen en hat gjin beswier.
De hear Van Diggelen (WD): Ook de WD vindt het een positief initiatief en gaat ermee
akkoord. Volgens de ruimtelijke onderbouwing past alles prima in elkaar.
De hear H. Hansma (FNP): Mei in goede romtlike Onderbouwing hat it plan kans fan slagjen.
It is in fersterking fan de rekreaasje op it plattelan en de FNP kin der mei ynstimme.
De hear P.van der Werff (PvdA): It is in goed inisjatyf, mar hy twifelet deroan oft it wol sa
utwurkje sil lykas op side 7 beskreaun is 'Het initiatief zal geen extra verkeersaantrekkende
werking hebben'. Hoe kin men minsken opkeare dy't mei de auto nei dat plak wolle? Der
moat wol wat barre mei it parkearen. Minsken kinne der fia twa rates komme. Op beide
plakken is eins te min parkearromte.
De hear Ekas (GBL): Het is een gouden idee op een schitterende locatie. Dus akkoord.
Wethalder Keizer: It is de gemeente dy't de auto's keart troch bebuording. Men moat it earst
oansjen en as it misbeteart sil men wat undemimme moatte. It is benammen bedoeld foar
fytsers en farders. Oan de oare kant fan de Feinsumerfeart wurdt romte makke foar auto's. Hy
ferwachtet ynearsten op it plak gjin problemen.
De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten.