LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 maaie 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 15 Moasje fan de PvdA De hear De Kroon (PvdA): Achter de moasje sit in taljochting. It giet oer de takomst fan de gemeente. De boargers hawwe rjocht op in goed funksjonearjende gemeente. De gemeenten om Frjentsjer hinne wolle foar 1 july fan Ljouwerteradiel witte oft men meidwaan oan dat ferban. Der is lykwols gjin draachflak foar oansluting by Frjentsjer. In fuzje fan Ljouwerteradiel mei Noardwest is dermei fan de baan. Gjinien leaut dat Ljouwerteradiel selsstannich fuortbestean kin. Ljouwert hat sein dat Ljouwerteradiel tegearre mei Boamsterhim opnommen wurde kin en oars moat men wachtsje oant 2018. De PvdA fynt dat men it oerlis mei Ljouwert no opstarte moat en dat men net wachtsje moat oant 2018. De sinten fan Ljouwerteradiel reitsje op. Dat men finansjeel yn de knipe komt docht bliken ut de besunigings by it wegenunderhald. Los derfan hat Ljouwerteradiel yn 2012 al hast in heal miljoen oan besunigings. Foar 2016 moat der noch mear besunige wurde. De finansjele krisis giet fierder en de finansjele posysje wurdt der foar Ljouwerteradiel dan ek net better op. Wachtsje dus net oant 2018. De doarpshuzen krije dan mear stipe. It amtlik apparaat is te lyts en der is te min spesjalisme. Sa binne de oanbefellings oangeande it ferkearsundersyk noch net oan de ried oerbrocht. De te lytse kapasiteit fan it amtlik apparaat wie earder de oanlieding foar de Middelseegearwurking, dy't no fan de baan is. Der is maatskiplik draachflak foar oansluting by Ljouwert. Dat bliek u.o. al yn 2010 en 2011 by ferskate gearkomsten en ut de utslach fan de enkete fan PB Stiens. Men moat dus in fuzje mei Ljouwert oangean. De rate Noardwest is ofsletten. De PvdA fynt it wachtsjen oant 2018 minder goed utfallen foar de boargers en it amtlik apparaat. Gean derom mei gauwens yn oerlis mei Ljouwert. 10 Motie Beste toekomst voor de gemeente Leeuwarderadeel De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op 24 mei 2012 1. Overwegende a. dat de gemeenten rond Franeker aan alle potentiele deelnemers vragen voor de vakantie een definitieve keuze te maken voor deelname aan het fusieproces tot een gemeente Noordwest per 1 januari 2015; b. dat deelname van Leeuwarderadeel aan de nieuwe gemeente Noordwest Fryslan niet past bij de definitieve visie van GS; c. dat er in Leeuwarderadeel geen maatschappelijk draagvlak is voor aansluiting van Leeuwarderadeel bij de nieuwe gemeente random Franeker; 2. Concludeert a. dat het plan van Leeuwarderadeel om in het najaar de mogelijkheden van een fusie met de gemeenten rond Franeker te onderzoeken op grand van de onder 1 genoemde overwegingen niet kan worden uitgevoerd;

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 111