LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 maaie 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Hij stelt voor om agendapunt 12 vanwege een aantal onvolkomenheden van de agenda af te voeren. Het komt in gewijzigde vorm de volgende keer weer aan de orde. Men kwam er afgelopen week achter. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA kin har dat wol foarstelle, mar hie it wol earder witte wollen. Hy pleitet foar in ynformele riedsgearkomste oer dat underwerp. Men soe nochris mei de ferkearskommisje nei de kaart sjen kinne om it riedsbreed te bepraten. De foarsitter: Het gaat om de systematiek, maar ook om de invulling. Hij stelt vast dat de suggestie van de heer Kroon in het presidium aan de orde komt. De hear De Kroon (PvdA): Men soe it punt fan de takomst fan de gemeente oan de oarder stelle kinne. Want der binne sunt maart 5 nije feiten dy't it yn de eagen fan de PvdA needsaaklik meitsje om deroer te praten. It kolleezje hat de ried frege om underwerpen oan te dragen foar it oerlis fan Noardwest. De Noardwestgemeenten wolle net wachtsje op de kar fan Ljouwerteradiel oant 2013, mar wolle dat foar de fakansje witte. Deputearre Steaten hawwe de definitive fyzje bekendmakke. Ljouwert is ek wol ree om dit jier oer it opnimmen fan Ljouwerteradiel te praten en de finansjele posysje fan de gemeente stiet der hieltyd minder foar lykas bliken docht ut it mindere underhald oan de diken. De hear Ketellapper(GBL): De hear De Kroon hat earder besocht om it underwerp oan de oarder te stellen. Der hie hysels doe gjin ferlet fan. Werom no dan wol? De hear De Kroon (PvdA): As de ried it net op de aginda hawwe wol, dan sil de PvdA mei in moasje komme. De hear Ketellapper(GBL): Dan moat de PvdA mei in moasje komme. De hear Dijkstra (FNP): Men hat de punten foar Noardwest ynlevere. Der is in trajekt ofpraat. Men nimt it boadskip fan Deputearre Steaten foar kundskip oan. De finansjele posysje docht der ek net ta en de opstelling fan Ljouwert is foar de FNP ek net fan belang. De hear L. Tilma (CDA): De troch de hear De Kroon neamde punten binne foar him gjin reden om wat oan it trajekt te feroarjen. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 70