Reaksje fan it kolleezje op it Ferslach riedsgearkomste fan de gemeente Lj ouwerteradiel, tongersdei 26 april 2012 19.00 oere, gemeentehus Stiens. Punt 9: Ferklearring fan gjin betinkingen omjouwingsfergunning Truerderdyk 24 en 24A Stiens Fraach: De hear P. van der Werf (PvdA) wol wat beheiningen oanbringe oangeande de "ondersteunende detailhannel". De beheining moat dus goed oanjun wurde. De hear Ekas (GBL) slut him derby oan. Reaksje: De beheiningen binne oanbrocht en wol op twa manieren: 1De omfang wurdt beheind ta 200 kante meter, dermei wurdt foarkommen dat der in grutte winkel yn it butegebiet sil untstean; 2. It assortimint wurdt beheine, der mei allinne produkten ferkocht wurde dy't in relaasje ha mei agrarysk, dat betsjut, dat saken relateare oan buorkerij bistenplantsjes foar de folkstun wol ferkocht wurde meie, mar oare saken dy't gjin relaasje ha mei agrarysk, net ferkocht wurde meie. "Fytsen" of "klean" meie dus net ferkocht wurde en ek gjin "Gymskuon", mar in "overal" en "klompen" wol, omdat je in "overal" en "klompen" oan ha om de klean yn de tun net smoarch te meitsjen en omdat je ek net mei skuon yn de tun oan it wurk gean. Op dizze wize wurdt dus foarkaam dat der in grutte Welkoop untstiet. Fraach: De hear van Diggelen (WD) wol oandacht freegje foar de ferkearsfeiligens. Reaksje: Ferkearsfeiligens hat te krijen mei genoch sicht en genoch plakken wer at besikers harren auto mei feekarre delsette. De lokaasje is rom fan opset en oersichtlik yndielt. Derby binne grutte stikken hiemferhurding oanwezich wer auto's en auto mei feekarre delsetten wurde kinnne. By in gruttere aktiviteit (wedstriid) kin yn oerlis mei Talant ek it parkearplak by Doniastate ynset wurde foar parkearen. Op dy wize sil der dan ek net goa in ferkearsunfeilige sitewaasje untstean. Ek is der in fytspaad binnentroch nei Doniastate. Der kin ek gebruk fan makke wurden om by Jongsma te kommen. Advys OVL: Wethalder J. Keizer wol ek de miening van it OVL witte. Reaksje: Oan it OVL is frege wat de miening is oangeande de untwikkelings fan Jongsma oan de Truerderdyk. Taheakke is de reaksje. It OVL sjocht gjin beswieren.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 88