Neipetear:
Nei de riedsgearkomste is noch praat oer it underdiel "hoareka". Hoe is dit regele?
Reaksje:
Der is keazen foar stypjende hoareka en dat haldt yn dat de hoareka bedoeld is foar twa
doelgroepen:
1de minsken fan Talant dy't by Jongsma oan it wurk binne, yn de deiperioade. Yn
de kantine wurdt op kofje- en teetiid in bakje dronken en tusken de middei kin hjir
de bole opiten wurde mei in bakje sop, molke of supe, lykas minsken op it
gemeentehus ek tusken de middei yn de kantine de bole opite mei in bakje sop,
molke of supe;
2. Juns en yn de wykeinen komme minsken de soan of dochter bringen mei yn de
feekarre hynder of pony. Ek komme minsken efkes lans om by de bisten te sjen.
At soan of dochter oan te riden is kin heit of mem of delkommer yn de kantine in
krantsje leze mei in bakje kofje en in koeke of in reep.
Reguliere hoareka aktiviteiten lykas ferkeap fan kroketten, patat en broadsjes hamburger
wurdt utsluten. Dan moatte extra foarsjennings oanlein wurde lykas in fetvangput en dan
untstiet konkurrinsje mei de hoareka yn it sintrum fan Stiens wat net winsklik is. Yn de
regels sil dan ek festlein wurde dat de hoareka stypjend weze moat oan de
bedriuwsaktiviteiten fan Jongsma (manege en ynpakaktiviteiten fan Talantminsken)
Neipetear:
Yn it neipetear kaam ek oan de oarder at Jongsma ek troufeesten sil organisearje.
Reaksje:
Yn de oanfraach binne gjin feesten en partijen omskriuwn. Dat haldt yn dat dit soarte fan
aktiviteiten net tastien binne. It is lykwols mooglik dat der ris in wedstriid halden wurde sil.
Dan is der wat mear folk. De miljeuwetjouwing stiet 12 kear per jier sa n aktiviteit ta dy t ek
wer relateare weze moat oan de agraryske aktiviteit (hynders en ponys).