De hear De Kroon (PvdA): Tank foar de langere antwurden. Dat hat wolris oars west. Hy freget om in skorsing fan de gearkomste. De foarsitter: Schorst de vergadering. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer De Kroon. De hear De Kroon (PvdA): Der wienen in pear algemiene konkluzjes. De ried erkent net dat de trein foar Noardwest al fuortriden is en dat de utfiering fan it amendemint dus net mooglik is. De PvdA hat steld dat Ljouwerteradiel net selsstannich bliuwe kin en dat argumint is net werlein. Hy fielde him by de reaksje fan de hear Hermans as by in psychiater op de bank. Hysels hat lykwols altyd neffens de fraksje fan de PvdA praat. De ried fan Ljouwerteradiel hat yn 2009 besletten om in undersyk te dwaan nei de beste takomst fan de gemeente. Dat is der nea fan kommen omdat GBL, de FNP en it CD A dat healwei de rit net mear woenen. Yn 2010 hat him dat werhelle. It is dus net alhiel fair om te sizzen dat der gjin goede undersiken binne. It CD A erkent dus net it argumint dat men yn 2014 of 2018 kieze kin foar Ljouwert en dat de rate foar Noardwest ofsletten is. Yn it rapport WagenaarHoes stiet dat men 'in de zomer (2012) de balans moet opmaken'. As men no net avensearret dan bliuwt der mar ien kar oer: Ljouwert yn 2018. Dan is in grinskorreksje genoch, want Ljouwerteradiel beslacht minder as 10% fan de gemeente Ljouwert, der't Boamsterhim dan al yn opnommen is. As men no gjin kar makket dan hoecht men der op 14 juny net wer mei te kommen. De PvdA hat der gjin ferlet fan om oer de moasje te stimmen. De foarsitter: Hij stelt vast dat de PvdA de motie intrekt. Sluting De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 21.50 oere. Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 juny 2012 de griffier, f i de foarsitter.. Toezeggingen van het COLLEGE aan de RAAD in de vergadering van: 24 mei 2012 Datum nakoming Onderwerp Afspraak toezegging Actie N.a.v. Voorjaarsnotitie 2012 Notitie Schoolzwemmen komt naar de raad Uitkomst Aanbesteding Leerlingenvervoer komt naar de raad AW

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 12