H LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 juny 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 15. Fersoberjen underhald asfaltwegen neffens de notysje "Wiziging underhaldsstrategy oangeande asfaltwegen" De hear Van Diggelen (WD): Het stuk is de vorige keer van de agenda afgehaald. Men zou het in een BOT-sessie behandelen. De foarsitter: Er waren enige punten die verduidelijkt moesten worden, o.a. de kaartjes. De hear Van Diggelen (WD): Wat is dan nu gewijzigd? Is een BOT-sessie nu niet nodig? De hear Dijkstra (FNP): Hy kaam in ynwenner tsjin dy't op in kaartsje sjoen hie dat syn dyk in pundyk wurde sil, wylst er al jierren oan syn dyk meibetellet. Soks soe net meie moatte. Kategory E moat fan de baan. It giet mar om 4%. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is wol skrokken fan de maatregels. Men wurdt troch de eigen finansjele posysje twongen om de diken minder goed te underhalden. Men komt 220.000 euro tekoart en dat wurdt ferdield oer asfalt en stiennen. Hoe komt men oan dy ferdieling? It fait op dat der mar in hiel lyts eintsje read (=100% underhald) is. Op alle oare diken lit men wat sitte, sels op drokke diken lykas de Lege Hearewei en de Uniawei. Kin dat wol lije? De Noardwesttangint is it oare jier klear. Men kin no wol beslute oer it underhald fan de diken dy't dan frijkomme en in klasse nei underen sette. Werom wurdt de Mieddyk net ofwurdearre en bepaalde oare diken wol? De PvdA wol de drokke diken goed underhalde. Der wurde wol fragen steld oer it ofsluten fan diken en it nimmen fan ferkearsmaatregels, mar der wurde gjin antwurden by jun. Men moat yn dialooch mei de oanwenners gean en dan pas mei in foarstel nei de ried komme. De hear L. Tilma (CDA): Men sil it mei it beskikbere budzjet dwaan moatte. De wethalder lit yn de bylage sjen hoe't er it jild ynsette wol. Men kin der gjin rjocht oardiel oer jaan. Miskien kinne de oanwenners noch wat suggestjes jaan. Der is neat meinommen oer de lanlike trend dat der somtiden wol foar 25% under de begrutting oanbestege wurdt en dan hoecht men net ta in omsetting fan guon wegen ta pundiken oer te gean. It CD A hat der begryp foar dat men it underhald oer wat mear jierren utsmart. De hear Ketellapper(GBL): Wat kin it lije en hoe kin men mooglik ta in oare skikking komme? En wat binne de mooglikheden fan skerpe oanbestegings? Der moat earst mear helderheid oer komme. Wethalder Keizer: It is in lestich stik. De ried wurdt har derfan bewust wat de konsekwinsjes fan besunigings binne. Men kin oer elke ferdieling diskusjearje. It giet derom oft it in line is 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 206