dy't de ried wol. In protte wetterskipsdiken binne 20 jier lyn oemommen troch de gemeente en moatte underhalden - yn asfaltearde foarm - wurde as der trije eigendommen oan lizze. By de Griene Dyk is gjin sprake fan in trochgeande dyk. It Pieter Rindertsreedsje sit no noch yn deselde kategory as de Nijlansdyk. Syn eigen opfetting is dat men fan diken mei bewenning nea in pundyk meitsje mei, want de oanwenners hawwe der jierrenlang foar betelle. Oer de 'reade' diken giet swierder ferkear as oer de oare diken. Men wol earst witte hoe't it ferkear har ofwikkelt as it Noardwesttangint klear is ear't men der feroarings yn oanbringt. By de Aldlansdiken sitte bedriuwen oan de ein fan de dyk en derom kin kategory E der net lije. Hy soe der wiis mei weze as de ried de 4% oer de rest utsmarre wol. As it rezjym sa drastysk feroaret dan sil men wis kontakt opnimme mei de oanwenners. By de planning giet men ut fan de rjochtprizen. It mooglik foardiel by oanbestegingen komt yn de reserve underhaldsfuns. Twadde termvn De hear De Kroon (PvdA): It soe no neffens de wethalder in line fan tinken weze, mar der leit neffens him in konsept riedsbeslut foar. Men soe no al foarutsjen kinne wat de gefolgen foar it wegenet binne troch de oanlis fan it Noardwesttangint. It hie in protte wurk skeeld as men better ynformearre wie oer de wizigingen. Mei it each op de ferliking Wythusterwei en bygelyks de Griene Leane freget er oft der mjittings under lizze. Men soe de E-kategory skrasse moatte. Men soe ek yn diskusje gean moatte mei de ynwenners en dan mei dy reaksjes weromkomme moatte nei de ried. De hear Dijkstra (FNP): Hy hat mei amtners praat. Der giet al jierren te min jild nei it underhald fan de diken. Men kin wol kosmetyske yngrepen dwaan mar dan haldt men jinsels foar de gek. It liket him logysk dat de oanwenners derby belutsen wurde. De hear Van Diggelen (WD): Hij ziet het stuk ook als een voorstel om al of niet mee in te stemmen. De WD gaat niet akkoord met het stuk. Categorie C is voor de WD de ondergrens. Het college zou middelen moeten zoeken om de wegen te upgraden. Hij denkt dat scherpere aanbestedingen zeker mogelijk zijn. De hear De Kroon (PvdA): It liket him in utopy om fan lege oanbestegings by in belied foar lOjierutte gean. De hear Kielstra (WD): Hij wijst op de gunstige inschrijvingen bij sommige provinciale projecten die een behoorlijk voordeel (15%) opgeleverd hebben. De hear Ketellapper(GBL): Hy hie leaver in helder antwurd krigen. Kin de neamde besparring helle wurde en wat kin men dan oan de E-diken dwaan? Wethalder Keizer: Der stiet yn wat it kostet en wat men tekoart komt. As men in foardiel hat by de oanbesteging dan komt dat yn it underhaldfuns. It is in belied foar de kommende 10 jier. De hear Ketellapper(GBL): As der in foardiel is dan kin men it probleem fuort oanpakke. Hy wol der konkreet mei te set. Wethalder Keizer: De suggest] e oangeande de gefolgen fan it Noardwesttangint wurdt ek yn it stik neamd. Foar it eventueel sluten fan de Nijlansdyk sil der earst mei de bewenners praat wurde. Der binne gjin mjittingen dien. Men giet ut fan in algemien byld. Der komt oer dy

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 207