LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 juny 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 17. Moasje Keunstgersfjild CSL De hear Dijkstra (FNP): De koalysje hat in unbefreedigjend gefoel oangeande de te stadige ofwikkeling fan it kuorbalfjild. It is yn wezen in rintekwestje dy't neffens de koalysje op te lossen is. Hy lest de moasje fan de koalysje foar. Ondertekend op 14 juni 2012 door: Fractie GBL Fractie FNP R.A. Ketellapper W.F.Ekas L.G.G.P. Flermans F.Dykstra H. Hansma Fractie CDA Jan Keuning Henk de Jager Lubbert Tilma De foarsitter: Hij wijst erop dat 'jierrekken 2012' 'jierrekken 2011' moet zijn. De hear De Kroon (PvdA): Stelt men de sinten ta beskikking? De jierrekken fan 2011 is al ofsletten. De moasje leit ticht by it eardere amendemint fan de PvdA. Wat is de kans dat de sinten net frijkomme fan Wassenaar? De hear Kielstra (WD): Die vraag leeft ook bij de WD. Wat gebeurt er als de definitieve vaststelling van het bestemmingsplan langer duurt dan de 6 maanden? De foarsitter: Schorst de vergadering. 18 De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de riedsgearkomste fan tongersdei 14 juny 2012, oerweagend: de moasje fan de koalysje fan GBL, FNP en CDA fan 10 novimber 2011 om 175.000 te reservearjen foar de oanlis fan in keunstgersfjild foar kuorbalklup CSL, dizze jilden beskikber te stellen ut de te ferkeapjen grun oan de fa. Wassenaar foar de realisaasje fan parkearplakken by de winkel oan de Wythusterwei te Stiens, de beskikberens fan dizze jilden noch efkes opskowe yn de tiid, dat it nei foaren heljen fan dizze 175.000, ut hokker finansieringsboarne dan ek, in rintelest opsmite sil foar de gemeente fan sa'n 4.000 maksimaal oer de leste 6 moanne fan 2012, dat de jierrekken fan 2011 in oerskot hat fan 17.000 en dat de rintelest hjir ut finansiere wurde kin, fersiket it kolleezje: de oanlis fan it keunstgersfjild by CSL nei foaren te heljen en of te hanneljen op de wize sa't hjirboppe beskreaun is, en giet oer ta de oarder fan de dei.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 260