Pi LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 maaie 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Voogd (PvdA) en de hearen L. Tilma (CDA), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), F. Dijkstra (FNP), L.G.G.P. Hermans (GBL), W.F. Ekas (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hear M. de Haan (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: de hearen J.S. Keizer (wethalder), J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA) en K. Kielstra (WD). 1. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Hij stelt voor om agendapunt 12 vanwege een aantal onvolkomenheden van de agenda af te voeren. Het komt in gewijzigde vorm de volgende keer weer aan de orde. Men kwam er afgelopen week achter. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA kin har dat wol foarstelle, mar hie it wol earder witte wollen. Hy pleitet foar in ynformele riedsgearkomste oer dat underwerp. Men soe nochris mei de ferkearskommisje nei de kaart sjen kinne om it riedsbreed te bepraten. De foarsitter: Het gaat om de systematiek, maar ook om de invulling. Hij stelt vast dat de suggestie van de heer Kroon in het presidium aan de orde komt. De hear De Kroon (PvdA): Men soe it punt fan de takomst fan de gemeente oan de oarder stelle kinne. Want der binne sunt maart 5 nije feiten dy't it yn de eagen fan de PvdA needsaaklik meitsje om deroer te praten. It kolleezje hat de ried frege om underwerpen oan te dragen foar it oerlis fan Noardwest. De Noardwestgemeenten wolle net waehtsje op de kar fan Ljouwerteradiel oant 2013, mar wolle dat foar de fakansje witte. Deputearre Steaten hawwe de definitive fyzje bekendmakke. Ljouwert is ek wol ree om dit jier oer it opnimmen fan Ljouwerteradiel te praten en de finansjele posysje fan de gemeente stiet der hieltyd minder foar lykas bliken docht ut it mindere underhald oan de diken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 4