De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 14 Ynventarisaasje fan ferpachte grun De hear L. Tilma (CDA): Hy freget foarof no't "de Steens" op koarte termyn net trochgiet of it perseel "de Steens I" foar kommersjele doelen brukt wurde kin want it leit der no hinne as in natoerterrein. Foar de rest fan it punt ferlit er de gearkomste. De hear Ketellapper(GBL): Hy lest yn it stik dat as der stikken (frij) lan ferkocht wurde kinne dat men it dan earst oan de pachter oanbiedt. It moat neffens him lykwols om in frije ferkeap gean, der't elkenien op ynskriuwe kin. De hear Dijkstra (FNP): De foarige kear gie it om de systematyk (A of B). De FNP wie doe foar B en dat bliuwt sa. De hear P.van der Werff (PvdA): Wat is no krekt 'frij'? Hy is it op dit punt iens mei de hear Ketellapper. Boargemaster Boertjens: Er is volgens hem een misverstand. Men wilde de raad in kennis stellen wat de gemeente aan verpachte grond had. Er zijn vragen bij gesteld. Per saldo zou het wat kunnen opbrengen. Het is niet de bedoeling dat de gemeente grond verkoopt. Soms is het wel gemakkelijk dat men aan grondruil kan doen. Hij is het eens met de opmerking van de heer Ketellapper. Als men het verkoopt dan wel tegen de hoogste prijs. De hear Ketellapper(GBL): Hij is tevreden met deze benadering. Blijf het punt goed in de gaten houden. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 15 Moasje fan de PvdA De hear De Kroon (PvdA): Achter de moasje sit in taljochting. It giet oer de takomst fan de gemeente. De boargers hawwe rjocht op in goed funksjonearjende gemeente. De gemeenten om Frjentsjer hinne wolle foar 1 july fan Ljouwerteradiel witte oft men meidwaan oan dat ferban. Der is lykwols gjin draachflak foar oansluting by Frjentsjer. In fiizje fan Ljouwerteradiel mei Noardwest is dermei fan de baan. Gjinien leaut dat Ljouwerteradiel selsstannich fuortbestean kin. Ljouwert hat sein dat Ljouwerteradiel tegearre mei Boamsterhim opnommen wurde kin en oars moat men wachtsje oant 2018. De PvdA fynt dat men it oerlis mei Ljouwert no opstarte moat en dat men net wachtsje moat oant 2018. De sinten fan Ljouwerteradiel reitsje op. Dat men finansjeel yn de knipe komt docht bliken ut de besunigings by it wegenunderhald. Los derfan hat Ljouwerteradiel yn 2012 al hast in heal miljoen oan besunigings. Foar 2016 moat der noch mear besunige wurde. De fmansjele krisis giet fierder en de fmansjele posysje wurdt der foar Ljouwerteradiel dan ek net better op. Wachtsje dus net oant 2018. De doarpshuzen krije dan mear stipe. It amtlik apparaat is te lyts en der is te min spesjalisme. Sa binne de oanbefellings oangeande it ferkearsundersyk noch net oan de ried oerbrocht. De te lytse kapasiteit fan it amtlik apparaat wie earder de oanlieding foar de Middelseegearwurking, dy't no fan de baan is. Der is maatskiplik draachflak foar oansluting by Ljouwert. Dat bliek u.o. al yn 2010 en 2011 by ferskate gearkomsten en ut de litslach fan de enkete fan PB Stiens. Men moat dus in fuzje mei Ljouwert oangean. De rute Noardwest is ofsletten. De PvdA fynt it wachtsjen oant 2018

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 9