Kategory E moat fan de baan. It giet mar om 4%. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is wol skrokken fan de maatregels. Men wurdt troch de eigen finansjele posysje twongen om de diken minder goed te underhalden. Men komt 220.000 euro tekoart en dat wurdt ferdield oer asfalt en stiennen. Hoe komt men oan dy ferdieling? It fait op dat der mar in hiel lyts eintsje read (=100% underhald) is. Op alle oare diken lit men wat sitte, sels op drokke diken lykas de Lege Hearewei en de Uniawei. Kin dat wol lije? De Noardwesttangint is it oare jier klear. Men kin no wol beslute oer it underhald fan de diken dy't dan frijkomme en in klasse nei underen sette. Werom wurdt de Mieddyk net ofwurdearre en bepaalde oare diken wol? De PvdA wol de drokke diken goed underhalde. Der wurde wol fragen steld oer it ofsluten fan diken en it nimmen fan ferkearsmaatregels, mar der wurde gjin antwurden by jun. Men moat yn dialooch mei de oanwenners gean en dan pas mei in foarstel nei de ried komme. De hear L. Tilma (CDA): Men sil it mei it beskikbere budzjet dwaan moatte. De wethalder lit yn de bylage sjen hoe't er it jild ynsette wol. Men kin der gjin rjocht oardiel oer jaan. Miskien kinne de oanwenners noch wat suggestjes jaan. Der is neat meinommen oer de lanlike trend dat der somtiden wol foar 25% under de begrutting oanbestege wurdt en dan hoecht men net ta in omsetting fan guon wegen ta pundiken oer te gean. It CDA hat der begryp foar dat men it underhald oer wat mear jierren utsmart. De hear Ketellapper(GBL): Wat kin it lije en hoe kin men mooglik ta in oare skikking komme? En wat binne de mooglikheden fan skerpe oanbestegings? Der moat earst mear helderheid oer komme. Wethalder Keizer: It is in lestich stik. De ried wurdt har derfan bewust wat de konsekwinsjes fan besunigings binne. Men kin oer elke ferdieling diskusjearje. It giet derom oft it in line is dy't de ried wol. In protte wetterskipsdiken binne 20 jier lyn oemommen troch de gemeente en moatte underhalden - yn asfaltearde foarm - wurde as der trije eigendommen oan lizze. By de Griene Dyk is gjin sprake fan in trochgeande dyk. It Pieter Rindertsreedsje sit no noch yn deselde kategory as de Nijlansdyk. Syn eigen opfetting is dat men fan diken mei bewenning nea in pundyk meitsje mei, want de oanwenners hawwe der jierrenlang foar betelle. Oer de 'reade' diken giet swierder ferkear as oer de oare diken. Men wol earst witte hoe't it ferkear har ofwikkelt as it Noardwesttangint klear is ear't men der feroarings yn oanbringt. By de Aldlansdiken sitte bedriuwen oan de ein fan de dyk en derom kin kategory E der net lije. Hy soe der wiis mei weze as de ried de 4% oer de rest utsmarre wol. As it rezjym sa drastysk feroaret dan sil men wis kontakt opnimme mei de oanwenners. By de planning giet men ut fan de rjochtprizen. It mooglik foardiel by oanbestegingen komt yn de reserve underhaldsfuns. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): It soe no neffens de wethalder in line fan tinken weze, mar der leit neffens him in konsept riedsbeslut foar. Men soe no al foarutsjen kinne wat de gefolgen foar it wegenet binne troch de oanlis fan it Noardwesttangint. It hie in protte wurk skeeld as men better ynformearre wie oer de wizigingen. Mei it each op de ferliking Wythusterwei en bygelyks de Griene Leane freget er oft der mjittings under lizze. Men soe de E-kategory skrasse moatte. Men soe ek yn diskusje gean moatte mei de ynwenners en dan mei dy reaksjes

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 16