LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 5 july 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Kadernota Ljouwerteradiel 2013 De hear De Kroon (PvdA): It is in somber ferhaal. Alle yngrepen binne tapast en dochs hat men noch in tekoart fan 122.000 euro en der is ek noch in fmansjele truk tapast by de Steens, wertroch eins noch sa'n 150.000 euro 'weipoetst' wurdt. De provinsje sil sa'n begrutting net akseptearje, mar men hat ek gjin oplossing. Wat binne de arguminten foar it byboeken fan de kosten fan de bougrun (146.000 euro) fan de Steens? Op side 10 wurdt de telefoangids skrast. Soks kin dochs net? De besparring op de Stienser Omroeper soe foar de PvdA wol kinne. Men soe wol wat koarter mei de meidielings omgean kinne. Oanfoljende ynformaasje soe men dan wol op yntemet fine kinne. De kontrole op de drank- en horekawet komt no foar de gemeente op en kostet 10.000 euro. Moat men dat no sels foar nul sinten dwaan? De besuniging op de diken berint no wer in ton. Men soe de diken kategorisearje. Moat men no noch rigureuzer deryn snije? De PvdA hat al in pear jier op in oare oanpak fan it iepenbier grien oantrund. Der wurdt no foar behear iepenbier grien in besuniging fan 50.000 euro foarsteld. Der leit blykber net in plan under. It kolleezje seit 'Er zal moeten worden onderzocht of door natuurlijk verloop of privatisering de beoogde bezuiniging kan worden bereikfFerline jier hat it kolleezje al in opdracht krige om te undersykjen oft der in besuniging te beheljen is. Werom is dat undersyk der noch net? Men moat neffens de PvdA net allinne 'dom' besunigje, mar ek kieze foar in oare oanpak. Op side 17 wurdt praat oer privatisearring fan de Skalm. Dat soe dan yn 2014 135.000 euro opsmite moatte. Mar de aktiviteiten wurde dochs utfierd op rekken fan de Stichting Welzijn Middelsee? Dat is dochs al privatisearre? Der wurdt noch ekstra besunige (yn 2014 sa'n 45.000 euro) op it underhald sportfjilden. Slagget dat wol? Der soe in nota oer de biblioteek makke wurde. Wannear komt dy? As men in ton besunigje wol op de biblioteek yn 2014 dan kin men better sizze dat de biblioteek slute moat. De PvdA fynt dat mei it doarpefuns ophalden wurde moat. De regeling is ek fierstente yngewikkeld. Der komt ek noch in claim fan Stiens. De neisit foar riedsleden is neffens de nota te djoer. Men kin neffens him better nei ofrin fan de gearkomsten inoar treffe yn de boppeseal fan "de Kern" en de eigen konsumpsjes betelje. Mei alle plannen kin de PvdA it gat lykwols net tichtsje. Der soe it kolleezje foar soargje moatte. De hear Dijkstra (FNP): It probleem sit yn 2013. Alle saken ut de BOT-sesjes binne der hast ynkommen. Men sit noch mei in gat fan 122.000 euro. Kin men mei ienmalich jild wat oplosse? It projekt Beter is sok jild en dat skeelt 45.000 euro. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 44