grond ondanks de vele mooie woorden en belofiten destijds van de Nieuwe Borg. Misschien moet men in de toekomst nog veel radicalere besluiten nemen. Het doet hem echter deugd dat in de afgelopen twee jaar toch een positieve begroting is gepresenteerd. Het jaarwerk is helder geschreven. Er wordt een aantal aanbevelingen gedaan. Kan men aangeven of de aanbevelingen van de afgelopen jaren ook opgevolgd zijn? Gaat de wethouder ook invulling geven aan met name de eerste drie aanbevelingen voor dit jaar? Vooral punt 2 dat de gemeente penvoerder is van de NER (elfstedenvaarroute) baart hem zorgen. Men kan zich geen meer tegenvallers permitteren. De hear De Kroon (PvdA): It giet oer de jierrekken en it rapport fan de akkountant. Men is by de jierrekken 5 ton foarutskarrele en dat docht deugd. Der steane lykwols nochal wat 'overlopende kostenplaatsen' yn en dat makket it der net oersichtliker op by de ferliking fan jierrekken en begrutting. Ien en oar soe wat konkreter beskreaun wurde moatte. Boarger en bestjoer. Deryn stiet komplete unsin oangeande it konvenant want de ried hat yn oktober 2010 al besletten dat konvenant yn te luken. Der is yn 2011 ek in mienskiplike regeling Middelsee ynrjochte. Wannear krijt men de rekken en ferantwurding derfan foarlein? Behear iepenbiere romte. Der wurdt gjin ferslach dien fan de aktiviteiten yn 2011 Maatskiplike untwikkeling. Der stiet dat de erfaringen fan de makeldersfunskje by de maatskiplike staazjes 'echt positief zijn'. Kin dy positive kwalifikaasje underboud wurde? Datselde jildt foar de mantelsoarch oangeande de wurden 'dat het steunpunt sterk van de grond gekomen is.' De PvdA is it iens mei de ofskriuwing op de Steens. De oerienkomst mei de untwikkelder bestiet noch. De winst sil allinne mar grutter wurde as de oerienkomst mei de projektuntwikkelder ofwikkele wurdt. By de earste plannen foar de Steens hie de Nieuwe Borg in moai plan foar 650 wenningen. It die bliken dat dy plannen net helber wienen. Doe is it omset nei in plan foar 350 wenningen. As men fuortdaliks begun wie mei 350 wenningen dan hienen dy der no stien, omdat men dan noch foar de krisis mei de bou utein set wie. Op side 52 giet it oer kwantitative doelstellings fan de nota ferbune partijen. Dy binne iensidich feststeld. Hokker ferbune partij slut har oan by de doelstellings en hokker net? Sport, rekreaasje en kultuer. Hy koe de tsjinfaller by it swimbad fan 169.000 euro net weromfme. Maatskiplike untwikkelings. As men de rekken fan 2011 ferliket mei de bystelde begrutting fan 2011 dan is der in tafaller fan 4 ton by sosjale saken en in tsjinfaller fan 2 ton by de bystan. De utkearing fan it Ryk is foar de bystan ek noch heger wurden. Sa is der per saldo 3,5 ton oan tafallers. Is de konkluzje krekt dat troch dy tafaller de gemeente sa foars ofskriuwe kin op de Steens? De algemiene reserve. Der wurdt (side 95) 460.000 euro untlutsen oan de algemiene reserve. Binne it gjin normale utjeften, dy't eins fia de rekken rinne moatte hienen? Hy giet demei yn op it rapport fan de akkountant. Der hawwe ofboekingen west buten de rekken om. Kin dat troch de beugel of hie dat eins net moatten? Oangeande de Alvestedefarrute is de PvdA it iens mei de opmerkings fan GBL deroer. De PvdA is it iens mei de opmerking fan de akkountant dat de ferklearring fan it belied yn sinten wol wat better kin. De wjerstanskapasiteit. Men soe neffens de akkountant de tariven kostendekkend meitsje kinne om dy wjerstanskapasiteit te ferheegjen. Mar de tariven binne al oan de hege kant. Op side 25 wurdt wiisd op de nije wizen fan ferslachlizzing. Deroer soe de akkountant mei de gemeente yn berie gean wolle. Soe men dy ynformaasje net krije moatte fia de VFG? Men hat de administraasje goed op oarder en hannelet neffens de foarskriften. Der hat de gemeente neffens him gjin stipe foar nedich.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 8