LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 5 july 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Feststellen untwerpbestimmingsplan 'Stiens' De hear L. Tilma (CDA): It is in helder stik. De kompliminten derfoar. It hat tige nuttich west om sjenwizen derop te krijen. It measte is it CDA wol nei it sin. It CDA giet akkoart mei de punten 1 en 2. By gebiet 11 merkt er op dat feroarings by it park gefoelich lizze. Om dat gebiet frij te jaan foar de bestimming jachthaven hat nea de bedoeling west fan it CDA. It tastean fan lisplakken foar passanten kin foar it CDA wol. Mochten der yn de takomst winsken foar feroarings komme dan kinne ried en kolleezje wol oardielje oft it wol goed foar Stiens is. Hy wiist derop dat de Klompskippers ek al plak frij halden hawwe foar passanten. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA kin har wol yn it stik fine. It like der ynearsten op dat de bestimming foar de jachthaven by it Waling Dijkstra-park ek al yn foarige bestimmingsplannen sitten hat. Dat is lykwols net sa. De oanpassing op dit punt is yn de eagen fan de PvdA wol reedlik. Is der lykwols in spesjale reden foar dy bestimming? De hear Dijkstra (FNP): Men hat der earder al in wiidweidich petear oer han. De FNP is ek bliid mei de sjenwizen. Der wie in protte rus oer it park, omdat men tocht dat de fiver in komplete jachthaven waard. Dat is no gelokkich feroare. De FNP kin mei it foarstel ynstimme. De hear Kielstra (WD): De WD vond het niet een gemakkelijk stuk. Men kan zich in hoofdlijnen wel vinden in het stuk. Het is met betrekking tot het park niet geheel duidelijk wat er ten aanzien van de zienswijze nu is aangepast in het bestemmingsplan. Hij wijst op artikel 13 en artikel 32.4, waarin niet expliciet een haven genoemd en ook expliciet geen haven genoemd is. Hij heeft tevergeefs gezocht naar artikel 26.5.11. Is het juist dat het artikel niet te vinden en dat hiervoor in de plaats artikel 28.5.11 bedoeld wordt? Als dat zo is dan vraagt de WD zich af of het ter inzage gelegen bestemmingsplan de juiste versie is. De WD vindt de haven een prima idee, maar als de Kletsefeart doorgetrokken wordt en daar ook een haven komt dan zou er een overkill aan havens in de gemeente ontstaan. De hear Ketellapper(GBL): Komt men net yn de knoei mei Nieuwe Borg? As men al mei in plan komme wol, bring it dan earst yn de ried om der eventueel grien ljocht foar te jaan. Wethalder Keizer: Hy is bliid mei de oarwaagjend positive reaksjes. Men hat in ynrinjun han foar de bewenners fan it Waling Dijkstra-park. Troch de sjenwizen is der in ferienfaldiging kaam. It wizigingsfoech beheint him ta in lytse smelle strook. By in passantehaven meie de boaten der maksimaal 3 x 24 oeren lizze. As men it toerisme stimulearje wol dan hat men de passanten it leafst sa ticht mooglik by it sintrum fan Stiens. De hear Kielstra hie syn fragen earder oan in amtner foarlizze moatten. 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 95