LEEUWARDERADEEL GEMEEMTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 6 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear L. Renema sprekt ut namme fan de fjouwer muzykferienings fan Ljouwerteradiel yn op agindapunt 15. 1 "Achte riedsleden, Wy as muzykferienings hienen der nocht oan om nei de fakansje wer ut ein te setten. Mei de repetysjes, de tariedings foar konserten en konkoursen, de bestjoersfergaderingen. Oant wy oan de ein fan de fakansje in brief fan de gemeente yn de postbus funen. In brief, ferstjoerd op 23 july der't yn te lezen stiet dat it kolleezje yn de Kaderbrief 2013 oan de ried utstelt om yn 2013 10.000 te besunigjen op de post amateuristische kunstbeoefening. En dat de ried deryn syn gearkomste fan 6 septimber oer beslute sil. Ut neier undersyk docht bliken dat it utstel noch fierder giet, nammentlik om dizze post yn 2016 op nul te setten. Dat hawwe wy troch de gemeente befestige krigen. Jo meie wol witte dat dit us raar oer it mad kommen is en dat us nocht om wer te begjinnen der aardich of is. Alderearst fine wy it net mear as normaal dat it kolleezje us oer ditsoarte fan utstellen op 'e tiid ynformearret. Wy hawwe fernommen dat jo yn jo gearkomste fan 5 july al oer dizze utstellen praat hawwe. Wy binne der net oer op 'e hichte brocht. Wy binne ek net benadere troch it kolleezje of troch jo om te hearren wat dizze utstellen foar konsekwinsjes foar us hawwe sille. Dat it hjir boppe neamde brief fan de gemeente yn de fakansje ferstjoerd is kinne wy net oars as tige ungelokkich neame. Strieminne kommunikaasje en in tige unsoarchfaldige wize fan hanneljen fan de gemeente. It raast nei de protters. Wy fiele us absolut net serieus nommen. Twad: jo witte it faaks net mear, mar yn 2010 hawwe jo us as muzykferienings tasein dat jo alle war dwaan soenen om de subsydzjes foar de amateuristische kunstbeoefening te behalden. Yn 2011 gie it al mis. Jo namen it beslut om op dizze post te besunigjen: 10% foar 2012,15% foar 2013, 20% foar 2014 en 25% foar 2015. Wy hienen der begrip foar, wittende dat elk besunigje moat en dus de gemeente en wy ek. Al is it dan wol apart dat jo yn jo eigen programmabegrutting 2012 heech opjouwe oer kultuer: jo geane foar in goed kultureel klimaat, jo wolle keunst en kultuer befoarderje en it besteande nivo hanthavenjeNo, yn 2012, liket it hielendal mis te gean. It giet dubeldop, in besuniging oer in besuniging hinne, mei it foarutsjoch dat it yn 2016 gebeurd is mei it subsydzje. Wy hawwe sterk us twifels oft jo de konsekwinsjes derfan oersjogge. Wanttred: witte jo wol wat jo fuortsmite? Jo untnimme bern yn jo gemeente yn alle gefallen de mooglikheid om foar in reedlik taryf muzykles te krijen. De gemeente is net oansluten by in muzykskoalle, der is gjin AMV- oplieding (lykas yn bygelyks buorgemeente het Bildt). Wy binne as muzykferienings yn dat gat sprongen en soargje al jierren dat bern in goeie muzykoplieding krije, fan kwalifisearre dosinten. Foar in bedrach dat folle leger leit as in gemeentlike bydrage oan in muzykskoalle. Dy bern strome wer troch nei de korpsen. Dat is ek nedich, want it is dreech om in goed beset korps te halden. As dat no al dreech is, sil it dat sunder stipe fan de gemeente seker weze. Jo subsydzje is in substansjeel part (sa'n 30 oant 35%) fan us begrutting. Wy garandearje jo dan ek net dat wy as korpsen yn de takomst noch bestean kinne. Wy dogge no al alle war om de boel run te krijen. Us leden hawwe in soad foar harren feriening oer, mar it haldt in kear op. As de kontribusje(dy't no al nei de 20 yn de moanne giet) oer de kop moat. Of as foar de safolste kear in berop op harren dien wurdt foar wer in aksje om de eksploitaasje run te krijen. En dan wurdt it stil yn Ljouwerteradiel.... Want witte jo wol dat wy der mei us fjouweren foar soargje dat in soad minsken aktyf meidogge oan it mienskipslibben? As muzikant, as frijwilliger, as bestjoerder. En witte jo wol dat wy mei us fjouweren in soad minsken op de fuotten krije en wille besoargje mei us aktiviteiten? Tink

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 114