De hear De Kroon (PvdA): Stiet allinne de besuniging fan 2013 yn de brief en dy fan 2014, 2015 en 2016 net? De hear Renema: Der is in brief kommen fan it kolleezje der't yn stiet dat de feststelling fan de subsydzje foar 2013 eefkes op him wachtsje lit omdat in nij besunigingsfoarstel noch yn de ried behannele wurde moast. De gemeente hat befestige dat de subsydzje foar 2016 op nul utkomme soe. De hear De Kroon (PvdA): De muzykferienings soenen alle war dwaan soe om de subsydzjes te behalden. Hat de ried dat doedestiids (2010) tasein? De hear Renema: Neffens syn ynformaasje wol. oan al us konserten, us bydragen oan doarpsfeesten, keatspartijen, Sinteklaze-yntochten en noch folle mear. Wy soargje foar aksje, muzyk en bining yn de doarpen. En dermei passe wy perfekt yn jo Wmo-belied dat graach wol dat minsken meidogge oan de maatskippij. En dan hawwe wy it noch net iens han oer it feit dat jo best grutsk weze mei op de korpsen yn jo gemeente: Crescendo Hijum/Feinsum is al foar de twadde kear Nederlansk kampioen wurden yn harren ofdieling; Takostu Stiens stiet op it tredde plak fan de wraldranglist Marsparade en is yn Nederlan ien fan de meast frege showbands op alle belangrike taptoe's yn binnen- en butenlan; De Nije Bazun Britsum komt ut yn de tredde divyzje fan de nasjonale brassbandkompetysje; Studio Stiens komt ut yn de fjirde divyzje fan de fanfarekompetysje en docht hiel fertsjinstlik mei oan festivals en konkoursen yn de provinsje (winner fan it Gouden Spikerfestival 2009). Mei us alien leverje wy kwaliteit. Wy rekkenje der op dat wy jo mei dit brief genoch dudlik makke ha dat jo om ferskate redenen op 6 septimber net akkoard gean kinne mei it utstel sa't dat der leit foar de amateuristische kunstbeoefening. Wy hawwe der fertrouwen yn dat jo dat ek net dogge. Wy rekkenje der op dat jo dat betrouwen net beskamje."

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 115