De hear De Kroon (PvdA): Der siet earst in gat yn fan 122.000 euro en dat gat is no troch it kolleezje tichtmakke en yn de oplossingen kin de PvdA har fine. De PvdA is nijsgjirrich nei it plan fan it CDA foar de oanpak fan it grienunderhald. De PvdA wol ek sjen nei de post amateuristyske keunst. Der soe men net mear op besunigje moatte en dat jildt ek foar de boarterstunen. De PvdA hat nei in dekking socht. Men koartet in ton op it underhald fan de diken foar de kommende jierren. Mar noch net yn 2013. As dat wol yn 2013 yngiet dan hat men in ton beskikber. Dermei kin men de amateuristyske keunst en de boarterstunen, yn totaal 28.000 euro, finansiere. Derta komt de PvdA mei in amendemint. Hy giet demei yn op de mearjierreruzing foar 2014 en letter. De gemeente sil net selsstannich bliuwe kinne en it beslut deroer fait yn 2013. Men moat dan sjen wat it foarsjenningennivo fan dy oare gemeente is. De foarsitter: Geldt dat ook als het voorzieningenniveau lager ligt dan in de eigen gemeente? De hear De Kroon (PvdA): Hy befestiget dat. As men de oankundige besunigings by de Skalm en Stichting Welzijn Middelsee trochset dan komt men under it nivo op dat med fan dy oare gemeenten. Foar 2013 stiet der foar de Skalm in besuniging fan 25.000 euro en foar 2014 in besuniging fan 50.000 euro. Dat is op himsels al in hiel drege saak. De PvdA fynt dat men foar de Skalm in pm-post stelle moat en dat jildt ek foar de Stichting Welzijn Middelsee. Foar 2014 en 2015 binne der koartings ynboekt (250.000 euro, resp. 300.000 euro) oangeande it gemeentefuns. Dat leit lykwols noch net fest. De PvdA soe de reserve yn beide jierren mei 50.000 euro werombringe wolle. As men soks docht dan slute de begruttingen fan 2014 en 2015 noch. Derta komt de PvdA ek mei in amendemint. By de kademota 2012 hat it kolleezje sein dat it kolleezje har best dwaan soe om in goedkeapere husfesting foar de biblioteek te realisearjen. Der is lykwols it leste jier gjin foarutgong boekt. De besuniging op it underhald fan de sportfjilden is nei 2013 trochskood. Men hat net it idee dat it oerlis mei de sportferienings oer de besunigings en de privatisearring al opstart is. Hoe sit dat no krekt? De hear Keuning (CDA): Der komme hiel wat besunigings op de gemeente of. Elkenien moat besunigje. Der hawwe BOT-sesjes west, mar yn de ried sille uteinlik de besluten nommen wurde. It giet it CDA te fier as der straks gjin jild mear is foar de amateuristyske keunst. Der is al faker yn de ried oanjun dat der mei it grienunderhald wat dien wurde moat. Fia in amendemint wol it CDA dy oanpak ekstra stimulearje. It CDA fynt in besuniging fan 20% foar de amateuristyske keunst reeel. En dus wol it CDA it bedrach foar 2013 stelle op 5.000 euro. Hy hopet dat it amendemint fan de koalysje oer it grienunderhald ek de stipe krijt fan de PvdA en de WD. Der moat effektyf wurke wurde en der moat in taakstelling foar it grienunderhald komme. Yn 2014 moat dertroch 40.000 euro te heljen weze. As de Skalm privatisearret dan soe dat foar de gemeente jild opsmite moatte. It undersyk moat lykwols oantoane oft de 135.000 euro in reedlik byld jout. Hy lest it amendemint oer de amateuristyske keunst foar. 14 Amendement Amateuristische kunstbeoefening De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op donderdag 6 September 2012. Qndergetekenden stellen het voleende amendement voor: De tekst op pagina 29 van de Kadernota 2013 onder bij programma 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 117