de Steens? Op side 10 wurdt de telefoangids skrast. Soks kin dochs net? De besparring op de Stienser Omroeper soe foar de PvdA wol kinne. Men soe wol wat koarter mei de meidielings omgean kinne. Oanfoljende ynformaasje soe men dan wol op yntemet fine kinne. De kontrole op de drank- en horekawet komt no foar de gemeente op en kostet 10.000 euro. Moat men dat no sels foar nul sinten dwaan? De besuniging op de diken berint no wer in ton. Men soe de diken kategorisearje. Moat men no noch rigureuzer deryn snije? De PvdA hat al in pear jier op in oare oanpak fan it iepenbier grien oantrund. Der wurdt no foar behear iepenbier grien in besuniging fan 50.000 euro foarsteld. Der leit blykber net in plan under. It kolleezje seit 'Er zal moeten worden onderzocht of door natuurlijk verloop of privatisering de beoogde bezuiniging kan worden bereikt'. Ferline jier hat it kolleezje al in opdracht krige om te undersykjen oft der in besuniging te beheljen is. Werom is dat undersyk der noch net? Men moat neffens de PvdA net allinne 'dom' besunigje, mar ek kieze foar in oare oanpak. Op side 17 wurdt praat oer privatisearring fan de Skalm. Dat soe dan yn 2014 135.000 euro opsmite moatte. Mar de aktiviteiten wurde dochs utfierd op rekken fan de Stichting Welzijn Middelsee? Dat is dochs al privatisearre? Der wurdt noch ekstra besunige (yn 2014 sa'n 45.000 euro) op it underhald sportfjilden. Slagget dat wol? Der soe in nota oer de biblioteek makke wurde. Wannear komt dy? As men in ton besunigje wol op de biblioteek yn 2014 dan kin men better sizze dat de biblioteek slute moat. De PvdA fynt dat mei it doarpefuns ophalden wurde moat. De regeling is ek fierstente yngewikkeld. Der komt ek noch in claim fan Stiens. De neisit foar riedsleden is neffens de nota te djoer. Men kin neffens him better nei ofrin fan de gearkomsten inoar treffe yn de boppeseal fan "de Kern" en de eigen konsumpsjes betelje. Mei alle plannen kin de PvdA it gat lykwols net tichtsje. Der soe it kolleezje foar soargje moatte. De hear Dijkstra (FNP): It probleem sit yn 2013. Alle saken ut de BOT-sesjes binne der hast ynkommen. Men sit noch mei in gat fan 122.000 euro. Kin men mei ienmalich jild wat oplosse? It projekt Beter is sok jild en dat skeelt 45.000 euro. De drank- en horekawet. Moat men soks dwaan en wannear giet it yn? Yn jannewaris of yn desimber? Dat soe ek spylje kinne by oare aktiviteiten. Hy neamt noch eefkes in punt fan side 21De betelling oan Palet ferrint no oars en stiet derom spitigemoch yn de papieren. De FNP wit net wat der fierder yn de organisaasje bart. Dat is de taak fan it kolleezje. De hear Ekas (GBL): Veel zaken uit de BOT-sessies zijn vertaald in de kademota. Men staat met de rug tegen de muur. 2013 is nog niet sluitend. Er is bovendien ook nog sprake van een cosmetische camouflage. De uitdagingen zullen volgens hem pas na 2013 komen. Er is een lichtpunt en dat is dat men per 2014 anticipeert op de mindere bijdragen van de overheid. Hij zet er grote vraagtekens bij of een en ander wel haalbaar is. Er is nu sprake van een grove kaasschaafmethode. Men durft echter niet echt in te grijpen. De helfit van de gemeenten in Nederland zal volgens hem failliet gaan. De hear Ketellapper(GBL): Men hat noch net sa lang lyn frege nei in undersyk oer it behear iepenbier grien. It femuveret him dat men no dochs in nije meiwurker yn dy sektor oansteld hat. Hy hat ek fraachtekens by de provinsje dy woe dat men de grun ofwurdearje moast. Men hie

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 13