GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 28 augustus 2012 Achte leden fan 'e Rie, ik noegje jimme lit om de riedsgearkomste fan 6 septimber 2012 by te wenjen. De wurklist en bybehearrende stikken treffe jimme hjirby oan. Alle stikken lizze op gebruklike wize op besjen yn de leskeamer fan it gemeentehus. De wurklist mei utstellen leit foar eltse belangstellende op besjen yn de hal fan it gemeentehus en de iepenbiere bibleteek yn Stiens. De gearkomste wurdt halden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster, Drs. Joop R.A. Boertjens Nr. fan de WURKLIST Nr" fan [t wurklist litstel 1Iepening en meidielings foarsitter 2. Feststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Feststellen ferslach fan de gearkomste fan 5 july 2012 YNFORMEARJEND 1JNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) 7. Ynkommen stikken ut it kolleezje fan b&w oan 'e ried yn it ramt fan aktive ynformaasjeplicht (lizze op besjen) EC Kest 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurdfiere oer underwerpen dy 't op 'e aginda steane. Alle sprekkers krije net longer asfiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oerenfoar it begjinfan de gearkomste oan de griffier meld hawwe Kest 40 (RfO) As in lid fan 'e riedyn de fragehealoere fragen stelle wol, moat dit mei oantsjuttingfan it underwerp op syn minst 12 oeren fan te foaren meldt wurde by de foarsitterNejfens de ofspraken dy't makke binne kin in riedslid yn 't plak fan de foarsitter ek de griffier op de hichte stelle. Kest 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjin fan de gearkomste yntsjinne of oankundige wurde by de griffier. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjinfan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurdfiere wol. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjinfan de gearkomste oan de griffier trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurdfiere wol

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 2