LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 6 septiraber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing De hear De Jager (CDA): Men wurdt konfrontearre mei in saak der't it CDA net sa wiis mei is. Men wurdt der lykwols ta twongen. It is wol posityf dat it in kwaliteitsferbettering is foar it miljeu. It CDA kin mei it foarstel ynstimme. De hear P.van der Werff (PvdA): It hie der fanwegen de kwaliteitsympuls al folle earder weze moatten. Op de foarljochtingsgearkomste waard sein dat de gemeenten yn Fryslan sa'n 15 miljoen oan hanthaving kwyt wienen. De FUMO docht dat uteinlik foar sa'n 4 miljoen minder. It femuveret de PvdA dan dochs in bytsje dat it Ryk fia it gemeentefuns 50.000 euro besuniget en der no ek noch 35.000 euro foar de gemeente ekstra oerhinne komt. De hear Ekas (GBL): Er kan op zichzelf niets op tegen zijn om de normen wat aan te halen. Het is inderdaad vreemd dat men nu als gemeente er geld op toe moet leggen. Hij moet nog zien of het zo goedkoop kan als nu voorgespiegeld wordt. In de praktijk brengen grotere eenheden immers meer kosten met zich mee. Ook deze avond is zijn achterdocht door bepaalde voorbeelden weer versterkt. Toch zal GBL met het voorstel instemmen. De hear De Kroon (PvdA): Hy freget wer't de hear Ekas oangeande 'achterdocht'oan tinkt. De hear Ekas (GBL): Dat gaat om persoonlijke gevoelens. Er is op zich niets op tegen om een gezonde dosis achterdocht te bezitten. De hear Kielstra (WD): Hoe zit het precies met de rekensom? Zijn de kosten die men nu kwijt is aan de MAD er straks niet meer? Gemeenten zijn in het verleden wel eens ruimhartig geweest in het verlenen van vergunningen en het handhaven daarvan. De FUMO zou daar iets aan kunnen doen. De hear Dijkstra (FNP): Hy is wol wat fan de ynformaasje op de ynformaasjejun skrokken. De gemeente moat it 'gelag' betelje. As men net meidwaan wol dan krijt de provinsje de rezjy. It Ryk sjoch it plattelan troch de bril fan de ranested. De FUMO soe op tal fan lytse saken kontrole litoefenje kinne, lykas by ien dy't mar in pear bistkes hat. Hoe sit it straks mei it hanthavingsburo yn Sint Anne? Wethalder Keizer: It wurdt yndied oplein. As men net meidocht, rekket men as gemeente it foech oer de fergunningferliening kwyt. In grut diel fan de mearkosten foar de gemeente sit deryn dat 189 ynrjochtingen fan de MAD yn Fryslan oergean nei de gemeenten. Alle jierren krige men in oersjoch fan bygelyks de oeren fan de MAD en dy sifers binne de basis foar de berekkenings. Men kin net alhiel mei de Haachske noarm ut de fuotten. Hy giet derfan lit dat men in praktyske oplossing fine kin. It hanthavingsburo yn Sint Anne komt de oare deis yn it portefuljehaldersoerlis oan de oarder.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 56