krige men in oersjoch fan bygelyks de oeren fan de MAD en dy sifers binne de basis foar de
berekkenings. Men kin net alhiel mei de Haachske noarm ut de fuotten. Hy giet derfan ut dat
men in praktyske oplossing fine kin.
It hanthavingsburo yn Sint Anne komt de oare deis yn it portefuljehaldersoerlis oan de oarder.
Der sil altyd in diel fan it wurk by it hanthavingsburo bliuwe.
Twadde termyn
De hear P.van der Werff (PvdA): De mearkosten stroke dochs net mei de totale mmderkosten
fan 4 miljoen?
Wethalder Keizer: Dy 4 miljoen doelt op it einstasjon oer 4 jier.
De hear P.van der Werff (PvdA): Sa is it net foarhalden. Dan hie men sizze moatten dat de
begrutting sa stadichoan nei 11 miljoen gean sil. Moatte amtners hjirre in ekstra
kwaliteitsympuls krije? Neffens de PvdA binne der gjin friksjekosten. De amtners geane
ommers ien op ien oer nei de tsjinst.
De hear De Jager (CDA): It kabinet wol weromkomme op de ofspraak foar de RUD. Kinne
der ekstra jilden komme yn de takomst fan it Ryk?
De hear Ekas (GBL): Men is nu opinierend bezig. Kan de wethouder informatie inwinnen
over de werkelijke cijfers? Zijn er nu wel of niet frictiekosten? Moet men per definitie nu
instappen?
Wethalder Keizer: De kwaliteitsympuls moat yn de hanthaving sitte. Der bliuwt hjir en der
wat lizzen; dat docht ek bliken ut ungemakken yn de leste jierren. As men deselde taken dy't
by de MAD lizze ek by de FUMO underbringt dan hat men mear kosten. Hy sil besykje om
mear ynsjoch yn de sifers te krijen. Hy tinkt dat der yn de takomst gjin mear jild fan it Ryk
beskikber komt. Men moat no ynstappe, oars rekket de gemeente it foech kwyt.
De hear Keuning (CDA): De VNG besiket dochs wer jild binnen te krijen?
De foarsitter: Men heeft als vier gemeenten er bij de VNG op gehamerd om meer druk uit te
oefenen op het kabinet om voldoende middelen ter beschikking te stellen. Er zijn echter geen
toezeggingen gedaan.
De foarsitter: Men krijgt het stuk met aanvullende informatie terug. Besluitvormende
behandeling zal plaatsvinden op 27 September 2012.
11. Nota lokale heffingen
De hear Ekas (GBL): Er staat een aantal vergelijkingsstaatjes in. Een en ander valt met
betrekking tot de gemeente Leeuwarderadeel niet tegen. Soms is men goedkoper dan andere
gemeenten. Leeuwarderadeel heeft immers ook nog een hoog voorzieningenniveau. GBL kan
zich in de notitie vinden.
De hear Dijkstra (FNP): It hiele stik kin men wol foar kundskip oannimme op paragraaf 5 nei
en dan benammen side 17. Hjiryn referearret it kolleezje oan sifers fan it Coelo ut Grins.It
kolleezje moat de wittenskip hawwe dat it Coelo altyd fan gemiddelde huzeprizen yn de
gemeente utgiet oangeande de gemeentlike lesten dy't yn de gemeente betelle wurdt. It komt