dan ek wol hiel frjemd oer dat it kolleezje ynienen de negative byldfoarming fan it Coelo ek
tapast yn harren stik.
Dat de Fryske media soks docht yn de kranten is bekend mar dat it kolleezje hjir ek al oan
meidwaan wol is net te akseptearjen. Elk jier makket de FNP in fergeliking tusken us
gemeente en de gemeente Ljouwert oangeande de wenlesten yn de beide gemeenten omdat
der guon minsken binne dy't miene dat us gemeente folle djoerder is dan gemeente Ljouwert.
Troch de media is dit tusken de earen fan dy minsken kommen, ferfelend mar dat is no ienris
sa. Hjirunder wurdt opnij oantoand mei de sifers fan side 16 dat side 17 ferkeard is.
It giet wer om in fergeliking tusken us gemeente en de gemeente Ljouwert.
De hear Tuininga (FNP): Der stiet in stikje yn oer de hunebelesting. Der stiet ek yn dat it wol
ofskafit wurde kin. Der hat er al 19 jier foar pleite. Men kin lykwols de sinten net misse.
Miskien komt er nei oanlieding fan it underhaldsplan foar de diken wol mei in amendemint.
De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is nijsgjirrich nei de rekkensom fan de hear Dijkstra. Op
side 7 giet it oer de baatbelesting. Dy hat men lykwols net. Der binne yn de gemeente in tal
stikken dearinnende dyk. Soe it kolleezje oerweagje kinne om der in baatbelesting foar yn te
stellen? Soenen wetterskip en belestingtsjinst ek net betelje moatte foar it bruken fan de
WOZ-wearden?
De hear Keuning (CDA): Hy kin him wol wat fine yn de opmerkingen fan de hear Dijkstra. It
is yndied net rjocht earlik om de Coelo-gegevens mei te nimmen. It CD A is lykwols erkentlik
foar it stik.
De foarsitter: Men wilde eens in beeld brengen wat er allemaal is. Er zijn heel wat
nuanceringen met betrekking tot de Coelo-cijfers te maken. Maak van bladzijde 17 een
8
1. Understeande tabel is nei oanlieding fan side 16 werby utgien wurdt fan ferskillende huzeprizen want oars komt men
net op wenlesten dy't steane yn de boppeste tabel fan side 17
2012 Ljouwerteradiel Ljouwert
mearpersoanshushalden
WOZ-wearde 181.000,= 148.651,=
OZB 335 (0.1850% fan 181.000=) 208 (0.1397% fan 148.651,=)
offalstoffenheffing 257 263
rioelbelesting 233 181 (90.08 0.0612% fan 148.651,=)
825 652
It ferskil yn huzepriis is dus 32.349,= (181.00-148.651), dit wurket altyd yn it neidiel fan Ljouwerteradiel en is dus net
terjochte.
Wurdt by beide gemeenten utgien fan deselde huzepriis ut dan untstiet in "realistysker" byld.
2. Understeande tabel giet ut fan in huzepriis fan 181.000,= yn beide gemeenten.
2012 Ljouwerteradiel Ljouwert
mearpersoanshushalden
WOZ-wearde 181.000,= 181.000,=
OZB 335 (0.1850% fan 181.000,=) 253 (0.1397% fan 181.000,=)
offalstoffenheffing 257 263
rioelbelesting 233 201 (90.08 0.0612% fan 181.000,=)
825 717
By gelikense huzeprizen moat de ynwennerfan Ljouwert gans mear betelje, mar de fraach is oft dat dan wol realistysk is.
Wannear't men de frijsteande went fan it plattelan yn Ljouwert siket dan is dy priis heger as dy op it plattelan; de huzepriis
fan 181.000 soe dan wolris boppe de 200.000,= lizze kinne en dan wurdt it ferskil noch lytser.
Konkluzje: side 17 kin streekrjocht by it aid papier want Ljouwerteradiel is net sa folle djoerder as Ljouwert.