LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Stan fan saken aktualisearjen bestimmingsplannen/romtlike oardering De hear P.van der Werff (PvdA): Men moat oer twa saken beslute: it foar kundskip nimmen fan de fuortgongsrapportaazje fan de bestimmingsplannen en it foarstel om de kommisje romtlike plannen ferfalle te litten. Der sit yn it stik dochs in undertoan oft it allegearre wol goed komt. Earst soe men yn 2007 klear weze moatte en no wurdt 1 july 2013 neamd. Hat de gemeente yn ferliking mei oare gemeenten mei in likense omfang in te krappe personielsbesetting? In soartgelikense sin is yn de notysje oan it kolleezje trochhelle. Hoe sit dat no krekt? De kommisje romtlik plannen hat in wat lijerich bestean. Dy kommisje soe neffens it kolleezje ferfalle kinne omdat men troch de nije easken de terminen net mear helje kin. Dat fynt er gjin goed argumint. Men soe de proseduere sadanich yn elkoar stekke kinne dat men rekken haldt yn de planning mei sa'n kommisje. De PvdA is dus op foarhan net foar it ferfallen fan dy kommisje. De fuortgongsrapportaazje nimt de PvdA fierder foar kundskip oan. De hear Dijkstra (FNP): De FNP is bliid mei de fuortgong fan de bestimmingsplannen. Hy tocht dat de kommisje romtlike plannen al ferfallen wie. As it fierder gjin doel hat dan moat men sa'n kommisje ferfalle litte. Wethalder Keizer: Hy hat net alles neigien. Yn 2007 lei der wol in ferplichting foar de aktualisearring fan de bestimmingsplannen, mar siet der gjin sanksje op. Der kamen foar de gemeente ek oare romtlike saken lykas de Alvestedefarrute op it paad. Fierder koe men it wurk goed oan. De nije wet Romtlike Oardering hat de terminen behoarlik bekoarte. Der wurdt ek hast gjin gebruk fan de kommisje makke. By in foaruntwerpbestimmingsplan komme de beswieren wol yn de ried. De kommisje slommet swiet. Twadde termyn De hear P.van der Werff (PvdA): In lytse gemeente hat ek wolris foardielen. Yn it ferline hat it wol wurke en der soe in goede rezjy op set wurde moatte. Men moat de belutsenheid yn stan De hear L. Tilma (CD A): It CD A wie derfan utgien dat de kommisje der al net mear wie. It CDA is foar de belutsenheid, mar dan moat sa'n kommisje wol wurkje. De hear Ekas (GBL): Alle ballast moet men overboord gooien. Toch moet men als raad niet te veel zaken uit handen geven. Hij heeft ook jaren in de commissie gezeten en het heeft wel resultaten gehad. GBL wil dus de commissie wel in stand houden. De hear Kielstra (WD): De commissie is al een hele tijd niet bijeen geweest. Waarom moet halde. 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 56