LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Fryske Utfleringstsjinst Miljeu en Omjouwing De hear De Jager (CDA): It CDA hie dermei ynstimd, mar hie in fraach hoe't it mei de finansiering sit. Der wol men dochs wol in antwurd op hawwe. De hear P.van der Werff (PvdA): Ynhaldlik is de PvdA it mei it foarstel iens. It is spitich dat it kolleezje gjin dudlik antwurd op de fragen oer de begrutting jout. Men soe neffens de wethalder 80/85 tuzen euro mear betelje moatte, omdat de 11 miljoen it einplaatsje is. De strukturele kosten binne yn 2013 11,2 miljoen en dat is 4 miljoen minder as wat de gemeenten no utjouwe. Werom kin der yn 2013 fjouwer miljoen of en moat de gemeente dochs mear betelje? De hear Van Diggelen (WD): Men kan het stuk inhoudelijk ondersteunen. Men ontkomt er niet aan. Hij bedankt de wethouder voor de beantwoording van de vragen via de mail. De hear Ekas (GBL): Men moet komend jaar structureel 35.000 euro meer uitgeven. Hoe kan dat? Men voert immers minder taken uit en men werkt efficienter. Waarom doen sommige gemeenten niet mee? Vergroting leidt over het algemeen tot meer kosten. Hij heeft dan ook ernstige twijfels bij het hele verhaal. De hear Dijkstra (FNP): It wurdt oplein troch it Ryk. Hoe komt it mei it hanthavingsburo yn Sint Anne? Wethalder Keizer: Fan it hanthavingsburo geane kwalik taken oer nei de FUMO. Hy hat miend in koart memo skriuwe te moatten. Hy koe allinne ferwize nei de meast resinte stikken. Der is neffens him genoch yn it dossier dellein en hy is net ree om alles foar te kogjen. Men pikt as gehiel wol in notkerltsje mei. De gemeente nimt ek saken fan de provinsje oer. Men hat goed 1100 B-ynrjochtingen. Men woe it der mei de provinsje oer hawwe, mar de bestjoersgroep wie derta net ree. It nije bestjoer fan de FUMO sil der fuortdaliks wol oer gear en sil besykje moatte it tal B-ynrjochtingen te beheinen ta sawat de helte. De VNG hat by de ynformateurs it fersyk dellein om de 100 miljoen besparring werom te draaien. De VNG is der lykwols noch net sa posityf oer oft men dat wol oprede sil. De konsekwinsjes fan it net meidwaan fan gemeenten halde yn dat men de fergunningferliening kwyt is en dat men by einbeslut mear jild kwyt is. Twadde termyn De hear De Jager (CDA): Men wie nijsgjirrich nei wat der ut de underhannelings kaam is. Alle gemeenten soenen der neffens de foarljochtingsgearkomste finansjeel op foarut gean. 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 92