LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 6A Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 6 desimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 13. Feststellen untwerpbestimmingsplan 'Utwreiding parkearfoarsjenning supermerk Wythusterwei, Stiens' De foarsitter: In verband met de termijnen moet dit punt deze avond behandeld worden. De hear P.van der Werff (PvdA): Wie men net al oer de terminen hinne? It antwurd wie dat de termyn fan 12 wike in eigen keuze wie en soe net direkt gefolgen hawwe. Werom moat men it dan no behannelje? Wethalder Keizer: De sekretaris fynt it winsklik dat men derjun oer te set giet, alteast yn opiniearjende sin. De hear L. Tilma (CD A): It CD A konstatearret mei bliidskip dat de buert meitinkt oer de nedige parkearplakken. Sawol Wassenaar as de buorlju hawwe in plan. Elk moat der wat oan hawwe en ek wat tajaan. It park moat net mear ynleverje as strikt needsaaklik is. De winkel hat parkearplakken nedich. De buorlju en Albert Heijn as belanghawwenden en de gemeente as leverjende partij en ferantwurdlik foar it park, soenen neffens it CD A mei in oanpast plan komme moatte. De reewilligens fan de buert is foar it CDA fan grutte wearde. De grun der't it om giet mei gjin oare bestimming sunder belutsenheid fan de ried krije en soe by frijkommen wer oan de gemeente oanbean wurde moatte. De hear P.van der Werff (PvdA): It foaruntwerpbestimmingsplan hat net foar ynspraak op besjen lein. De wersjenning soe gjin grutte romtlike ympact hawwe. In tal omwenners tinkt der lykwols oars oer. Men kin it dochs wol mei de boargers oppakke? De PvdA freget him of oft it net oars kin. Hy referearret oan in plan in Bakhuzen. Allinne belanghawwenden hawwe derby belutsen west. Uteinlik is der in prachtich plan ut fuortkommen. De foarsitter fan de Heidemij seit derby o.a.: 'Wij zien dat burgers de professionals van de buurt zijn'. As men der net utkomt dan moat de oerheid syn ferantwurdlikheid nimme. De PvdA is it iens mei it CDA om der nochris nei te sjen. Werom hawwe de sj en wizen net yn de hearkommisje west? Wat binne ofspraken ut it ferline ('geen zicht op blik') no noch wurdich? De hear Ketellapper(GBL): It punt is earder troch GBL taljochte. Pak it mei de buert op. As alle partijen de kop derfoar halde dan komt der neat op 'e hispel. Alle trije partijen soenen om de tafel sitte moatte. De hear Tuininga (FNP): De FNP bringt de minsken tank foar it alternative plan. De ried hat ynstimd mei it foaruntwerpbestimmingsplan. Hear de partijen nochris oan en miskien kin men mei lytse oanpassings ta in oplossing komme. Lange prosedueres soe men net hawwe moatte. 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 147