LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 febrewaris 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Lubberts sprekt yn op agindapunt 4. 1 "Beste minsken, Witte jim noch dat ik tongersdei de 13e desimber hjir in skoftsje lyn betitele ha as in ungeloksdei Dit wie de dei dat jim ynstimd ha mei it referindum, dat no holden is. Yn dit referindum koene jo net oars as kieze foar it ferkwanseljen fan jo gemeente. Ik ha doe sein:'jim ha it deafonnis tekene foar de polityk yn dizze regio'. Ik hie hope, dat in pear doe opspatten wienen en har hert sprekke litte hienen en dat jim seinen hiene: ho ho bliksem, wy moatte it referindum mar efkes utstelle. Mar oan de oare kant begriep ik ek wol, dat jim it referindum net mear ofblaze koene of woenen want it hiele referindum wie al op priemmen set. De utslach fan it referindum wie presiis sa't ik doe foarsein ha: 'troch dizze fraachstelling yn it referindum sille de measten foar Ljouwert kieze'. Ik ha doe al sein, yn wezen is dit gjin frije kar mar in twongen kar! Foar in mega gemeente mei Hams en Frjentsjer is totaal gjin draachflak. Omdat de minsken kieze moasten, ha se mar foar Ljouwert keazen omdat dat it tichtste by leit. Yn de PvdA fraksje waard tiisdeitojoun tsjin my sein, ja mar de minsken moasten net kieze, it is altiten noch frije wil. Mar de sitewaasje lei d'r wol sa hinne, dat it gefoel libbe (at it no terjochte wie of net) dat at wy net stimme, dan giet it kolleezje fierder mei Noardwest mei Harns en Frjentsjer en dat wolle wy perfoarst net. De PvdA hat it notabene sels sein: net stimme is in stim foar Noardwest. Sa't ik tiisdeitojoun alle riedsfraksjes ek al sein ha, wurdt yn de parse skreaun: Ljouwerteradiel wol by Ljouwert. Mar eins soene je better sizze kinne: Ljouwerteradiel wol net by Noardwest, of eins noch better: Ljouwerteradiel wol net by Harns en Frjentsjer. Dat ferwurdet it beste de utslach! It bliuwt foar my oars unbegryplik dat itselde folk wat yn 1995 mei 90% tsjin Ljouwert stimde no ynienen wol by Ljouwert wol. Nee, de measten wolle ek hielendal net by Ljouwert mar d'r wie net in oare kar. Nogmaals: dit referindum wie in twongen kar foar Ljouwert! Ik ha my der yn alle oprjochtheid tsjin fersetten, omdat ik net wat oankruse woe wer't ik net efter stean koe. Ik fyn it, lit ik it no mar ris in kear ungenuanceerd sizze, gewoan stom om us opfrette te litten troch Ljouwert. Wy sjitte der gewoan gjin donder mei op! De iennige dy't d'r wat mei opsjit is Ljouwert sels. Ek woe ik net yn in mega gemeente mei Harns en Frjentsjer: ik leau gewoan net yn dy supergemeenten, sjoch nei Sudwest Fryslan (ik hear fan safolle kanten dat it gewoan net rint der). En wy ha hielendal gjin bining mei Harns en Frjentsjer. Wat dat betreft kin ik de kiezers wol begripe. At d'r no oars gjin opsje west hie, dan hie it noch wer oars west. Mar wy wurkje notabene al 10 jier gear mei trije oare Middelsee gemeenten om us hinne. Wat is der dan net makliker dan dizze gearwurking om te setten yn in fuzje, tocht ik. At jo dit as butensteander besjogge, dan is it dochs gewoan te gek foar wurden dat jim dizze kans net pakke. Jim ha de bal foar it ynkoppen. Mar jim binne allegear beleste mei in stik ballast ut it ferline. It lukt jim blykber net mear om op in iepen en objektive wize hjir nei te sjen. Jim ha krekt as in hynder blynkappen op en drave mar troch. Derom wol ik prebearje jim de eagen nochris te iepenjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 11