2 Natuerlik wit ik ek wol dat d'r bestjoerlik gedonder west hat en dat Ferwerderadiel opstapt is (of fuortjage is, it is mar krekt hoe't je it besjogge). Mar amtlik wurdt d'r noch hieltyd in hiel soad gearwurke tusken alle Middelsee gemeenten. D'r rinne noch safolle konvenanten. Wat in gigantyske kapitaalvernietiging om al dizze ynvestearings no oan de kant te smiten. It hat in hiel soad jild en enerzjy koste om safier te kommen yn de Middelsee en no kostet it noch in kear in hiel soad jild en enerzjy om alles wer ut mekoar te skuorren. It is wier net te leauwen, it is gewoan beskamsum! Ik ha ik al earder sein dat it hielendal net frjemd is dat d'r nei 10 jier gearwurking wat yrritaasjes untsteane. Dat komt yn de beste houliken foar. Ik ha yn dit ferban de Middelsee gemeenten ek wol fergelieken mei in skip wat op de Middelsee run dobbert. D'r sitte 4 kapiteins mei 4 bemanningen op. Mei 2 kapiteins giet it al mis, lit stean mei 4. En alle bemanningen wolle har sechje ek nochris dwaan. Op in gegeven momint wurket dat gewoan net mear. Dan wurdt it gewoan tiid om in nije frisse bemanning op it skip te setten mei in nije kaptein dy't de koers utsette kin op de Middelsee. It kin dochs net wier weze dat omdat miskien 1 boargemaster of in pear bestjoerders spul meitsje, dat dertroch de beste opsje foar 44.000 minsken net trochgean kin? Yn it plak fan dat de spulbrekkers d'r utskopt wurde, moat it folk it no belije. Der kin ik my oprjocht lilk oer meitsje. It is einliks skandalich. Derom bliuw ik pleitsjen foar in gemeente Middelsee. Yn potinsje is in gemeente Middelsee in prachtige plattelansgemeente. Ek dat sjogge jim miskien net mear troch dy ballast ut it ferline. En foaral wy yn Ljouwerteradiel soenen d'r enthousiast oer weze moatte. Foar Stiens biedt dit hiel wat mear kansen dan dy opsjes yn it referindum. Stiens leit moai sintraal yn de Middelsee en is it grutste plak. Komop minsken, heal Stiens ademt de Middelsee. Sjoch mar ris wat allegear wol net ferneamd is nei de Middelsee yn Stiens. Ik wol jim suver smeke noch in kear it gesprek oan te gean mei yn earste ynstansje Menameradiel en it Bildt. Gean om tafel mei in iepen blik en helje gjin aide kij ut de sleat. Der fait echt mei harren te praten, sy hawwe skjin har nocht fan it wachtsjen op Flarns. En einliks is d'r gjin ien fan beiden dy't echt mei dy Flarnzer tobbedunsers wol. Lit Harns mar fusearre mei Frjentsjeradiel. En ik bin d'r wis fan dat Hallum (en miskien Marrum) ek by de Middelsee wolle. Dat ha se my al dudlik witte litten. Gean no nochris in kear foar dizze Middelsee fariant. En lit jim net wiis meitsje dat it te lyts weze soe, dat slacht echt nergens op. Dat ha'k jim yn desimber al utlein. At jim der no nochris foar geane, dan is d'r echt in kans dat wy de oaren ek wer mei krije. Ik wol jim d'r graach by helpe troch bygelyks ek nochris te praten mei de riedsleden fan de oare gemeenten. Ik wol ek wol bemiddelje tusken de fjouwer partijen. Nim de tiid noch efkes, we ha noch 5 jier oant dy oare evt. fuzjes plakfine kinne. Wachtsje ek noch mar ris efkes of hoe't it rint mei dy oere referinda. Nim no net oerhaast in beslut wer't jim letter spyt fan krije! Wes net bang, dat jim hjirmei de miening fan it folk negearje. Want it folk hat nea kieze kinnen foar de Middelsee. Se ha no yn wezen allinnich sein dat se net by Harns en Frjentsjer wolle. Ik bin d'r fan oerstjuge dat in grutte mearderheid yn us gemeente foar in plattelansgemeente Middelsee is. En doch it no ris in kear as riedsleden mei mekoar, yn plak fan tsjin mekoar. Ek dat fyn ik beskamsum: yn plak dat jim opkomme foar de boargers, sitte jimme mekoar hjir bytiden de tint ut te fjochtsjen. Sjoch no ris in kear net nei partij belang, machtsbelang, jim eigen belang of wat foar belang dan ek, mar nei it belang fan de boargers! Lit jim hert sprekke! En net nei ofrin moaie praatsjes tsjin my ophingje: sizze is neat, mar dwaan is in ding! It referindum bepaalt net de takomst fan de gemeente, mar jim dogge dat! Sa kin jim d'r miskien dochs noch foar soargje dat de ungeloksdei tongersdei de 130 op dizze tongersdei de 14e ungedien makke wurdt! Tot slot: hjirby wol ik graach hartsjes run gean litte sadat jim net ferjitte jim hert sprekke te litten, want djip yn jim hert witte jim allegear wol dat de Middelsee it beste foar us is. En boppedat: it is hjoed Valentijnsdei, sjoch it ek as symboal dat jim leaf weze moatte foar mekoar. Nee, jim hoege mekoar no heus net om de hals te fleanen, mar set in streep under it ferline, hald op mekoar yn de hieren te sitten, en set jim noch ien kear ienriedich yn mei hert en siel yn foar de Middelsee!"

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 12