LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 febrewaris 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 4. Bestjoerlike takomst Ljouwerteradiel - utslach referindum De foarsitter: Hij heefit veel waardering voor de grote medewerking van vele kanten aan het referendum. De raad zal uiteindelijk een besluit moeten nemen en zal deze avond een richtinggevende boodschap aan het college mee moeten geven. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA-fraksje wie wakker ynnommen mei de utslach. Acht fan de tsien stimmers wienen foar Ljouwert en twa fan de tsien foar Noardwest. En yn de seis doarpen om Stiens hinne wie ek in grutte mearderheid foar Ljouwert. Dat femuveret him net. It is spitich dat ien en oar de ofrune jierren net sa moai ferrun is en hy tinkt derby u.o. oan de wize fan behanneling fan de eardere PvdA-wethalder. Dochs wol er net te bot weromsjen. It belang fan de bewenners stiet foar de PvdA sintraal. Wat moat der no barre en wa moat dat dwaan? Men kin spitigemoch pas yn 2018 mei Ljouwert fusearje. Hy wiist op de 'Ten Boer- konstruksje' yn Grinslan dy't him de kommende 4 jier tige geskikt liket foar Ljouwerteradiel. Fia in plan fan oanpak wurket men dan stap foar stap op de fuzje ta. Men moat no ek oars sjen nei in tal projekten. Hy tinkt derby oan it undersyk nei de ferbettering fan it underhald fan it iepenbier grien. De sinten foar dat undersyk kin men better yn de buse halde. In oar punt is it underhald fan de sportfjilden dat men privatisearje wol. It liket de PvdA better ta om dat no net mear foar de kommende jierren oan de ferienings oer te litten mar under te bringen by de BV Sport Ljouwert. De ict-automatisearring soe by Sudwestfryslan oanslute, mar men kin dy better oanslute litte by Ljouwert. Men moat ek gjin kontrakten ofslute oangeande de nije AWBZ yn Noardwestferban. Pak dat op mei Ljouwert. Ek oangeande de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan moat de gemeente syn koers bepale. Sa'n list fan projekten soe men fia in plan fan oanpak op 14 maart beprate kinne. Wa moat lykwols dat oerlis fiere mei Ljouwert? It kolleezje hat it oerlis mei Noardwest foar 100% folge en har tige ferset tsjin de gearwurking mei Ljouwert. It kolleezje hat nea oantoane kinnen dat in mearderheid foar Noardwest wie. De boargemaster skriuwt yn 2011 yn in persoanlike notysje 'de vraag is of Leeuwarderadeel, mocht het alsnog voor Leeuwarden kiezen, in 2018 niet te laat is'. It kolleezje wie der net oer te sprekken en frege in petear deroer oan mei de Kommissaris fan de Keninginne. Ek doe't men underweis wie nei it referindum besocht it kolleezje draachflak foar Noardwest te krijen mei it beneamen fan bepaalde keamwearden, sunder in beslut fan de ried deroer. Der kaam ek gjin undersyk nei de mooglikheden fan in fuzje mei Ljouwert. It kolleezje neamt de position paper fan Ljouwert in 'reklamefolder'. Derom is neffens de PvdA it kolleezje net geskikt foar oerlis mei Ljouwert. It soe gjin goede start fan de underhannelings mei Ljouwert weze. De boargemaster soe dat oerlis fiere moatte mei de 5 fraksjefoarsitters. De trije hjirboppe neamde punten fan de PvdA binne yn moasies weijun, mar hy wol earst de reaksjes fan de oare partijen ofwachtsje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 14