LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 6B Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 desimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju U.C. de Voogd (PvdA), C.G. Bijsterbosch (PvdA) en de hearen L. Tilma (CDA), J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA), K. Kielstra (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), L.G.G.P. Hermans (GBL), W.F. Ekas (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: de hear D. van Diggelen (WD). 1. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom, ook de aanwezigen op de publieke tribune. 2. Feststellen wurklist De raad gaat akkoord met het voorstel om het besluitvormende onderdeel als eerste te behandelen, gelet op de aanwezigheid van leden van de referendumcommissie in verband met agendapunt 14 (vraagstelling referendum). In het verslag is de nummering 1 t/m 15 als volgorde aangehouden. De FNP tsjinnet in moasje yn oer de minst bedeelden; dat wurdt punt 16 fan de wurklist. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Lubberts sprekt yn op punt 14. 1 "Beste minsken, Oer in dikke moanne wol us gemeentebestjoer in referindum halde weryn de befolking har utsprekke mei oer fuzje mei Ljouwert of fuzje mei 4 oare gemeenten yn in nije Noardwest gemeente. By in referindum wolle jo de miening fan it folk witte. It folk mei sizze wat se wolle. Prachtich idee! Mar se moatte no kieze ut twa opsjes, dy't de measten beide net wolle. Dat liket my net de bedoeling fan in referindum. Wit jim wol, wa't it earst it referindum op de politike agenda setten hat Dat wie Piter Jelles Troelstra! Hjir achter de muorre stiet in byld fan him. Ik tink dat hy it mal dien hie at hy fan dit referindum hearre soe. Dit is dochs gjin reele keuze: hjir krije jo it mes op de kiel setten, jo moatte kieze tusken ien fan beiden, wylst jo beide net wolle! It is in pseudo-referendum! It is itselde at wy aansens in referindum krije soene, weryn at we kieze moatte at Fryslan by Grins moat of dat Fryslan by Drinte moat. Ja, jo moatte kieze. No ja, dat wolle wy allegear ek beide net. At jim it referindum echt serieus nimme, dan moat d'r ek wat fatsoenliks te kiezen weze. Yn 1995 hat 90% fan de bewenners tsjin in fuzje mei Ljouwert stimd. Dat wolle de boargers dus net! Mar se wolle al hielendal net by sa'n grutte Noardwest gemeente ynklusyf Frjentsjer en Harns mei 70.000 ynwenners. Nee, dan seit de grutte

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 38