Hy pleitet derfoar om dochs de gearwurking yn Middelseeferban nochris te undersykjen, want dat is foar Ljouwerteradiel neffens him de beste oplossing. Neffens him stiet dy doar noch op in kier. Hy sprekt foar himsels, mar is derfan oertsjuge dat der in soad minsken lyksa oer tinke. 2 mearderheid dan moat wy dochs mar by Ljouwert, want dat is it tichtste by en der wurkje wy ek. Dat is dochs gjin frije keuze It is in twongen keuze! Ik bin d'r fan oerstjuge dat de measten sa foar Ljouwert kieze sille. Foar dy hiele grutte gemeente mei Harns is hielendal gjin draachflak. Harns is fier fuort en hat hiele oare problematiken as wy: fergelykje de haven fan Harns marris mei de haven fan Britsum. Ik doar te wedzjen dat in grutte mearderheid fan de Harnzers net iens wit wer't Britsum en Koarnjum lizze. De kans is grut dat se yn de war binne mei Britswert en KoarnwertlEn beste minsken, neffens my moatte we sa'n grutte gemeente ek net wolle. Ik hear safolle sinjalen fanut de nije Sudwest Fryslan gemeente dat it net goed wurket der. Lit wy der fan leare! By u.o. skoallen is no it besef trochdrongen dat de fuzjes ek te fier trochsjitte kinne. Der wurde al dingen werom draaid. By de gemeenten is dit besef blykber noch net. Te lyts is net goed, mar te grut is ek net goed! Wy hawwe it yn NW-Fryslan oer 2 steden en 45 doarpen. Yn Fryslan hat sa'n bytsje elk doarp in doarpsbelang. Tinke jim echt dat de nije gemeente al dy doarpsbelangen serieus bylans kin? Ferjit it mar. Myn foarstel is om de fraachstelling yn dit referindum ut te wreidzjen en ek te freegjen at de boargers fiele foar in Middelse gemeente. Ik tink dat de measten hjir it mei my iens binne dat dit fierwei it beste is foar dizze regio. We fusearre mei lykweardige gemeenten wer't we no ek mei gearwurkje. Dit wurdt in gemeente mei 44.000 ynwenners. Dat is mear as grut genoch. Ik bin d'r fan oerstjuge dat ek de provinsje hjir wol yn mei gean wol. It kolleezje fan GS hat ek al sein, dat de gemeenten yn tin befolke gebieden minder grut hoege te wezen kwa ynwenner oantal. De nije fuzje gemeente de Friese Meren hat ek 'mar' 50.000 ynwenners. Ik soe sizze, prebearje dizze Middelse opsje asjeblyft nochris in kear! Ferwerderadiel sit ek wat yn spagaat en wol no fest wol wer meidwaan. De doar stiet noch hyltiid op in kier! Mar ik tink dat it ek sunder Ferwerderadiel noch wol kin: 35.000 ynwenners is ek moai genoch! Lit Harns en Frjentsjeradiel mar tegearre gean mei evt. in stik fan Littenseradiel. Dy sitte dan ek op sa'n 40.000 ynwenners. Jim moatte fan dy gedachte fan dy 100.000 ynwenners per gemeente of. Dat is yn us provinsje echt net nedich: de 'Commissie van Wijzen' wol fan 27 nei 13 gemeenten yn Fryslan. Dat betsjut dus gemiddeld 50.000 ynwenners per gemeente. Dan binne yn it tin befolke Noarden ynwenner oantallen fan 35.000 of 40.000 hielendal net sa gek. Dy 100.000 hoege wy echt net serieus te nimmen foar Fryslan, dan soene wy 6 gemeenten oerhalde. Dat is dochs te gek foar wurden! Krekt as dy 5 lansdielen, brek my de bek net iepen. Dit praat is gewoan 'grootstedelijke arrogantie', wer't wy us heftich tsjin fersette moatte. Dit Haachske belied is de deastek foar de polityk op it plattelan! De polityk komt noch fierder fan de boargers of te stean. De minsklike maat ferdwynt hielendal. Wy wurde degradearre ta in numer: ien fan de 100.000! It giet d'r om dat wy sterke gemeenten meitsje dy't har taken goed oankinne. En dat kin best wol mei 35.000 of 40.000 ynwenners. Men moat net allinnich nei it tal ynwenners sjen, mar ek nei de opperflakte en it tal steden en doarpen yn it gebiet! De skaalfergrutting op harsels mei nea in doel weze. It doel is de boargers sa goed mooglik te betsjinjen! Boppedat: wy ha neat te ferliezen. De beide opsjes fan it referindum betsjutte de deastek foar de lokale polityk yn us regio. Wy ha dan hast neat mear yn te bringen. In Middelse gemeente biedt neffens my noch wol genoch romte foar de lokale polityk yn dizze regio. Dizze opsje biedt just in hiel soad kansen, omdat wy moai sintraal lizze yn dizze gemeenten en Stiens it grutste plak is! Beste riedsleden, ik ha grut respekt foar it wurk wat jim dogge. De gemeentepolityk is net sa makkelik: je kinne it nea goed dwaan! Jim binne allegear stik foar stik ferstannige minsken. Bruk jim ferstan dan no ek: it is noch net te let! Nim it referindum serieus en set de Middelse gemeente (mei of sunder Ferwerderadiel) d'r ek by! Dan ha de minsken pas echt wat te kiezen! Dogge jim dit net, dan kinne wy tongersdei de 13efuortoan ek wol in ungeloksdei neame. Op dizze dei ha jim it deafonnis tekene foar de polityk yn dizze regio En dat soe ferrekte spitich weze! Dan wurde we anneksearre mei Ljouwert of hingje wy d'r wat by yn Noardwest. Yn jim hert binne jim it mei my iens. Foech dan no ek de die by it wurd! Lit jim net yn de sek naaie troch de provinsje! Strup de mouwen nochris op, stel jim striidber op krekt as Piter Jelles dat froeger ek dien hat!"

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 39